Wolvegeaster 'coronahoaster' krijt 5 wiken sel ûnder betingst

02 sep 2020 - 14:11

In 30-jierrige ynwenster fan Wolvegea dy't op 15 april bewust yn 'e rjochting fan twa famkes hoaste en rôp dat se corona hie, is woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in selstraf fan fiif wiken ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Wolvegeaster stie op in meter ôfstân fan de famkes doe't se yn harren rjochting hoaste. "Ik heb corona, willen jullie het ook hebben?", rôp se dêrby. Dat it yn de begjinperioade fan de corona-útbraak wie, makke it neffens de rjochter miskien noch wol slimmer om mei it firus te driigjen.

De frou wie ûnder ynfloed en soe har net in soad heuge kinne fan it ynsidint. Achterôf fûn se it ferskriklik, seit se. De frou hie ek noch twa aginten útskolden.

Trije jier gjin alkohol

De offisier fan justysje hie twa wiken sel plus twa wiken ûnder betingst easke. De rjochter makke der fiif wiken sel ûnder betingst fan, mei as betingst dat de frou har meldt by de reklassearring en har behannelje lit. Se mei yn de proeftiid fan trije jier gjin alkohol drinke.

Ien fan de famkes wie sa bot skrokken dat se in skoaltoets oersloech om't se mooglik besmet wie. De Wolvegeaster moat it famke 350 euro smertejild betelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)