Spesjale edysje fan Nijntje 'in ut Franekers'
Nijntje, it bekendste knyntsje fan Nederlân, is dit jier 65 jier wurden en dat fiert de útjouwer mei in spesjale edysje yn it Frjentsjerters. 'Nijntje in ut Franekers' is oersetten troch Annalies Bouma kaam ta stân yn gearwurking mei 'Ut Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers'.
Bouma waard berne yn Frjentsjer, wennet yn Harns en is no dosinte yn Boalsert. It boek stiet ûnder redaksje fan Wim Aalbers, auteur fan de Taalgids foar ut Franekers.
Nijntje is earder ûnder mear oersetten yn it Grinslânsk, Drintsk, Rotterdamsk en Haachsk. Utjouwerij Bornmeer hat yntusken al mear as 350.000 streektaal-Nijntjes ferkocht dy't foarlêzen wurde oan bern yn hiel Nederlân en op de Antillen.
In stikje út it boek yn it Frjentsjerters:
midden in un groate tún
stôn un leuk wit hús
dêr woanden twee kenyntsys in
menear en mefrou plús
stôn un leuk wit hús
dêr woanden twee kenyntsys in
menear en mefrou plús