Driuwend sinnepark by sânwinning Skûlenboarch mei romte foar rekreaasje

De mar fan de sânôfgraving by Skûlenboarch moat in driuwend sinnepark wurde mei romte foar rekreaasje. Dêrfoar is woansdei in ynformaasjedei foar de omjouwing. Omwenners út de doarpen kinne harren miening jaan oer de plannen fan Enerzjyk Skûlenboarch.
© Omrop Fryslân
De sânwinning by Skûlenboarch hâldt dizze moanne op. It gebiet wie earder in greidegebiet mei houtwâlen. It hat mei de sânwinning in bedriuwsbestimming krige, wat de pleatsing fan in sinnepark op it wetter makliker makket. Trekfûgels komme der net fanwege it ljocht en it leven fan de yndustry. Der is wol in rike floara en fauna, seit Johan ten Brinke, adviseur fan Enerzjyk Skûlenboarch.
Genôch om de helte fan alle huzen yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel fan stroom te foarsjen.
Johan ten Brinke, Enerzjyk Skûlenboarch
De sânmar is sawat 45 bunder grut. Net de hiele mar wurdt bedutsen mei sinnepanielen, seit David de Boer fan Enerzjyk Skûlenboarch. It sil gean om twatredde of trijefjirde part, en dan oan de kant dêr't it measte leven is fan de yndustry. As alles trochgiet komme der 60.000 oant 70.000 sinnepanielen. Dat is genôch om de helte fan alle huzen yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel fan stroom te foarsjen. De sânpoel leit yn dy twa gemeenten.
Sinnepanielen op it wetter hat as foardiel dat it wetter kuolling jout. Boppedat hoege sinnepanielen dan net op oare grûn pleatst te wurden. De gemeenten hawwe in taakstelling wat de realisaasje fan sinne-enerzjy oanbelanget en oars soene de panielen mooglik op lânbougrûn delset wurde. As alles trochgiet begjint yn 2022 of 2023 de oanlis. Dit jier en takom jier binne jierren fan tarieding.

Kuierpaden

It besteande strantsje bliuwt iepen foar swimmers en oare rekreaasje en de stekken komme derwei. Der binne plannen foar de oanlis fan kuierpaden en fytspaden foar mountainbikers, mooglik ek stegers om te angeljen. Koartsein: it doel is de sânpoel breder tagonklik te meitsjen.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei David de Boer fan Enerzjyk Skûlenboarch
Wat der allegearre mooglik is, is woansdei te sjen op it strantsje fan de mar. Dêr stean panielen mei ynformaasje. Saakkundigen fan Enerzjyk Skûlenboarch stean klear om taljochting te jaan. Bewenners en bedriuwen kinne sels ek mei ideeën komme.
De ynformaasjedei is bedoeld foar ynwenners fan de doarpen Eastermar, Jistrum, Droegeham, Koatstertille en Heechsân en is yn ferskate blokken yndield yn ferbân mei corona. Ek op de webside fan Enerzjyk Skûlenboarch kinne ideeën foar it gebiet oandroegen wurde.
Johanna Brinkman praat mei Johan ten Brinke fan Enerzjyk Skûlenboarch