Tydlike terrasútwreiding fanwege corona moat bliuwe, fynt VVD Ljouwert

De VVD-fraksje yn de gemeente Ljouwert hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ferfolchfragen steld oer de ferromming fan de coronamaatregels foar de hoareka. De fraksje wol witte oft it kolleezje ree is de oant 19 oktober jildende ferrommings troch te lûken nei de perioade dêrnei.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De fraksje hat op 20 april ek al fragen steld oan it kolleezje om de ynset foar lokale ûndernimmers te fergrutsjen. It kolleezje ferromme de maatregels dêrop oant 19 oktober, mar dat rint dan ôf. De ûndernimmers en brânsjorganisaasje Koninklijke Horeca Nederland hoopje dat gemeenten de ferromme regels ferlingje sille en dat de tydlike terrasútwreiding oanbliuwe kin.

Kâlder

De VVD-fraksje hat de ôfrûne perioade mei ferskate hoareka-ûndernimmers praat. Sy sykje mooglikheden om aanst as it kâlder wurdt, ek iepenbliuwe te kinnen.
De hoarekaûndernimmers hawwe wissichheid nedich as kompensaasje foar it minne foarseizoen doe't se net iepen mochten, seit VVD-riedslid Serge Hollander. Hy is net benaud foar wyldgroei, dat alle regels oan de kant skood wurde. Undernimmers yn de stêd binne kreatyf genôch om dêr op in moaie wize ynfolling oan te jaan, fynt Hollander. Hy neamt as foarbyld it terras fan De Walrus op it Gouverneursplein.
Bysûndere tiden freegje om bysûndere maatregels. Yn guon gefallen kinne winterterrassen prima, al moatte de slutingstiden wol goed yn de gaten hâlden wurde om oerlêst foar de buert foar te kommen, neffens Hollander.