PvdA Ljouwert: "Te min Fryske lobbyisten yn Den Haag"

De gemeente Ljouwert moat it foartou nimme foar in stevige lobby yn Den Haag, foar de stêd Ljouwert en foar Fryslân. Dat skriuwt de PvdA yn it brief oan boargemaster en wethâlders. Dan binne saken lykas in rappere treinferbining mei de rest fan it lân better foarinoar te krijen.
© Kappers Media
Yn Ljouwert binne de measte Fryske foarsjenningen húsfeste, wat ekonomy, kultuer, ûnderwiis, winkels en útgean oanbelanget. Dêr binne ek allegearre banen mei anneks. De PvdA wol dat sa hâlde en de posysje foar Fryslân fersterkje.
It ûntbrekken fan in sterke Fryske lobby is skealik foar de stêd, skriuwt de partij yn skriflike fragen oan B. en W. De stêd soe plannen meitsje moatte foar in strukturele belangebehertiging yn Den Haag, net mear ôfhinklik fan de kontakten fan yndividuele persoanen. Dêrby soe de provinsje ek belutsen wurde moatte.