UNIS Flyers bringt seleksje yn oarder foar kommend seizoen

De iishockeyers fan UNIS Flyers krije der takom jier in nij gesicht by. De 20-jierrige Guy Kunst komt oer fan it opliedingsteam fan de Tilburg Trappers, dêr't er de ôfrûne trije jier spile. Dêrneist hat ferdigener Wesley Zoutman (19) syn kontrakt by de Flyers mei ien seizoen ferlinge.
UNIS Flyers © Martin de Jong
Kunst is berne yn Grins en komt dus nei trije jier yn Tilburg werom nei it Noarden. ,,Ik heb goed contact gehad met coach Mike Nason. Uit die gesprekken kwam al snel naar voren dat ik graag naar UNIS Flyers wilde komen. Mike heeft ook gesproken met de coach van het Oberliga-team over mij, en ook die referentie was positief," sa seit Kunst op de webside fan de Flyers. Ferline jier makke er trije goals en twa assists yn njoggentjin wedstriden yn de BeNe-League.
Jier derby foar Zoutman
De 19-jierrige Wesley Zoutman is in âlde bekende fan nije oanwinst Kunst, sa seit dy lêste. "We hebben eerder samen gespeeld bij Gijs Groningen in de BeNe-League, en daarnaast ook in eerste divisie. Ook speelden we samen in diverse jeugdteams. Het is leuk om hem bij UNIS Flyers weer te treffen."
Zoutman kaam ferline jier yn aksje foar it takomstteam fan de Flyers, mar spile ek mei yn de BeNe-League. Hy hopet út te groeien ta basisspiler yn it team fan coach Mike Nason. "Ik hoop dat we hetzelfde kunnen bereiken als vorig jaar, en dat we een nog beter team worden als vorig jaar."