Kollum: "Fleur en mineur"

02 sep 2020 - 08:44

"Freed tsjin it middeismiel wienen der parsekonferinsjes fan de twa ferneamdste manlju fan It Hearrenfean. Te witten, en hâld dizze folchoarder mar oan tenei, Gerry Hamstra en Tjeerd van der Zwan. Se hjitte sûnt freed fleur en mineur.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean hie al in pear wike yn mineur west. Hy is technysk manager, dat is in oar wurd foar keapman. Hy moast al wiken keapje en ferkeapje. Hy die lykwols neat en krige fan elk op de bealch. Want Hearrenfean oefene en oefene en krige hieltyd op de kloaten.

No sizze oefenwedstriden neat. Wy gienen dêr eartiids wolris hinne om sels efkes te sjen, mar we dienen der noait wat mei. Tsjintwurdich ha je wiidweidige foarskôgings, oefenwedstriden wurde live útstjoerd en se eamelje dêrnei der noch dagen lang op troch. En je ha der neat oan. It nei-eameljen wie no wol hiel kritysk en ik moat tajaan: it fuotbaljen fan Hearrenfean like nearne nei. Dus Gerry Hamstra krige op de bealch, mar hy beweegde net.

Dat wie him nammentlik ferbean troch it stiftingsbestjoer. Net troch Roozemond, dy wie blykber te drok mei it oefenfjildsje yn Skoatterwâld. Wol frjemd trouwens fan dat stiftingsbestjoer. Foarsitter Fedde Pronk sei ommers in pear wike lyn noch yn de Ljouwerter dat hy supporters en sponsors meiprate litte wol. No dat barde no hielendal net, want dan hie elk tsjin him sein keapje, we wolle echt wol better fuotbal sjen.

Gerry moast lykwols earst ferkeapje. Uteinlik gie Ejuke nei Ruslân. Alle fuotballers dy't je net kwyt kinne, kinne dêr nammentlik wol hinne. Se binne út byld, mar dat makket de measten neat, want se fertsjinje grouwélich. No ja, en doe koe Hamstra keapje.

De earste stap wie net sa nuodlik. Henk Veerman woe wol krûpende werom nei Volendam en dan kin hy by Hearrenfean moai noch wat fertsjinje. Hy hie al belle en komt werom. Supporters wolle o sa graach âld en âlde fuotballers wer werom ha. Dwaas. Ik wik jim dat Arjen Robben net langer as tweintich minuten meidwaan sil. Ien kear. Huntelaar hat him dealake doe't de Hearrenfean-supporters him wer helje woenen, hy fertsjinnet op de Alaxbank mear as de alve fan Hearrenfean mei elkoar. Suarez nei Ajax? Ferjit it, soks wol net.

Mar wy krije Henk Veerman wer. Gerry Hamstra yn de fleur, de supporters ek, mar as dat sa bliuwt moatte we ôfwachtsje: Veerman hat al earder by Hearrenfean spile sûnder dat hy ballen fan de fleugels krige, no dan stiet hy dêr frij iensum.

Tjeerd van der Zwan wie wiken werom in fleurich man. De gemeente skreau allegear swarte sifers, en dat hie jierren oanien wolris oars west. Wy fûnen it frjemd. We seine dat it opfallend wie, want elke gemeente kaam yn de reade sifers, wêrom krekt Hearrenfean dan net?

Dus duorre it net sa lang dat Tjeerd wer yn mineur wie. Freed. It die bliken dat der earder in strukturele flater makke wie. Ynienen hat Hearrenfean wer twa miljoen te min. Hoe is sa'n flater mooglik. Ik wit it ek net op de stoer ôf altyd krekt, mar je witte dochs globaal wat je yn de beurs triuwe en wat je oan de taap wer útjouwe. En by dy amtners yn Hearrenfean gie dat jierren oanien mis.

'Een menselijke fout', zei Van der Zwan. Hy die sels it wurd mar efkes, want hy hie dy nije term útfûn. Menselijke fout, minsklike flater is de minne Fryske fertaling. Dus je sizze net krekt as Grapperhaus en de kening sorry, we wiene te entûsjast. En 38 VVD-ers brûkten earder altyd it wurd ekskús. Mar no ha we ynienen dus in 'menselijke fout'. Dat is gjin ekskús.

Freed: Tjeerd yn mineur, Gerry yn de fleur. Sil ik jim ris in foarsizzing dwaan. Oer in healjier hin. Dan is Tjeerd wol wer wat yn de fleur. De gemeente krijt in kompjûterke dat de wurden 'structureel' en 'éénmalig' net mear troch inoar hellet. Gerry wit ik net. Hoe't Hearrenfean dan fuotballet witte we net, makket ek neat út. Want as der net hurd wat feroaret, is it tekoart fan de sportklup dan noch altyd fiersten te grut. En dat is dan in strukturele 'menselijke fout'."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)