Buma oer regionale corona-oanpak: "Bij kleine uitbraak blijven maatregelen lokaal"

02 sep 2020 - 08:32

De coronamaatregels wurde fan no ôf regionaal en lokaal bepaald. Dat makken minister-president Mark Rutte en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens tiisdei bekend op in parsekonferinsje fan it kabinet. Alle wiken is der in evaluaasje fan dy lokale regels, wêrby't sjoen wurdt oft it yn in Feilichheidsregio de goede kant op giet.

Foto: Omrop Fryslân

Oant no ta waard der hast altyd keazen foar in lanlike oanpak fan de coronakrisis. Dochs komt it kabinet no mei in ferskowing nei de regio's. "We weten inmiddels veel preciezer waar lokaal de uitbraken zitten en wat er lokaal precies gaande is. Daardoor kunnen we ook preciezer ingrijpen", leit boargemaster Sybrand Buma, foarsitter fan Feilichheidsregio Fryslân, út.

"Je moet het wel in samenspraak met het land doen. Bij een uitbraak kijken we waar die zit en als we denken dat die groter is dan die plek alleen, wordt de maatregel groter. Als het klein is, blijven de maatregelen lokaal." Yn Fryslân barde dat al by de útbraak op camping Appelhof op Skylge. "De Veiligheidsregio sloot de camping omdat de burgemeester van Terschelling dat had aangegeven", leit Buma út.

Diskoteken en nachtklups

Dat diskoteken en nachtklups foarearst ticht bliuwe, fynt Buma folslein logysk. "De uitbraken zijn daar waar grote groepen jongeren feesten en dicht bij elkaar zijn. Het is vervelend voor ondernemers, maar het kan gewoon niet. Het risico is te groot."

Minister De Jonge sei tiisdei dat it net de bedoeling is dat kwetsbere groepen har weromlûke út de mienskip, om bygelyks jongerein mear romte te jaan. Hy wol gjin 'tweestromensamenleving'. Buma: "De uitbraken zijn nu voornamelijk bij jongeren. Het risico is dat jongeren weer in aanraking komen met grootouders, en voordat je het weet heb je een uitbraak in een verzorgingshuis. Uiteindelijk krijgen we in dit kleine landje altijd contact met elkaar."

Eigen ferantwurdlikens

Buma seit nochris mei klam dat it eltsenien syn eigen ferantwurdlikens is om him te hâlden oan de coronamaatregels. "99 procent van de mensen houdt zich eraan, maar op de plekken waar het misgaat, kunnen we lang niet altijd handhaven. Mensen zullen het altijd zelf moeten doen."

Yn ferpleech- en fersoargingshûzen sil ek mear test wurde. Hoe't dat yn Fryslân foarm krije sil, is de taak fan GGD Fryslân. Buma: "Waar nodig zullen we meer testen, maar de capaciteit zal altijd begrensd zijn."

Sybrand Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)