Njoggen fertochten Vidar-saak foar de rjochter yn pro-formasitting

02 sep 2020 - 08:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet woansdei de saak tsjin 11 fertochten fan ynternasjonale wapen- en drugshannel. Njoggen fan harren komme woansdei foar, de oare twa kommende wike. It giet wer om in pro-formasitting. Yn juny wie de earste kear dat se foarkomme moasten. De fertochten komme út Surch, Frentsjer, Harns, Noardburgum, Ljouwert, Amsterdam en Helsinki.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fertochten wurde fertocht fan wytwaskjen, it besit fan fjoerwapens en harddrugs, ynternasjonale hannel yn harddrugs en/of dielname oan de kriminele organisaasje. De saak stiet by plysje en justysje bekend ûnder de namme Vidar. Mei-inoar binne der 22 fertochten oanholden. Dêrfan sitte noch 11 minsken fêst. De oaren bliuwe fertocht en meie harren proses yn frijheid ôfwachtsje.

Ynfallen en drugstransport

Njonken ynfallen yn ûnder oare Westergeast, Ljouwert, Surch en Noardburgum waard ek in grut drugstransport nei Finlân flak foar de Nederlânsk-Dútske grins ûnderskept. By de ynfallen waard beslach lein op fjouwer fjoerwapens mei munysje, boksbûgels en pepperspray. In oantal wapens waard fûn yn in plestik tonne yn 'e grûn.

Ek binne by de hússikingen 16 blokken hasj fûn en goed 300 himpplanten, lytse hoemannichheden speed en gebrûkershoemannichheden kokaïne, ghb en xtc en fersnijïngsmiddels dy't brûkt wurde by de drugsproduksje. Op ien fan de adressen binne de restanten oantroffen fan in ûndergrûnske himpkwekerij.

Dêrneist is beslach lein op in wente mei in woz-wearde fan sa'n 350.000 euro, inkelde djoere horloazjes en trije auto's, wêrûnder in auto mei in wearde fan 100.000 euro. Op ferskate plakken is foar hast 100.000 euro oan kontant jild oantroffen, meast yn euro's, mar ek yn Noarske en Deenske kroanen.

Ynfiltranten wiene ûnmisber

Justysje hat yn de saak fiif ynfiltranten ynset, ek twa boargers. Sy hawwe ûndersyk dien nei de leden, kontakten en aktiviteiten fan de Hells Angels yn Fryslân. Ien fan de ynfiltranten wie in eks-krimineel. It ynsetten fan boargerynfiltranten is tige útsûnderlik yn Nederlân. Dat barde tweintich jier lyn foar it lêst.

Foar de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant, dy't de namme A-4110 krigen hat, is tastimming frege en krigen by minister Ferd Grapperhaus, seit de offisier fan justysje. Doel wie om de kriminele aktiviteiten fan de Hells Angels yn Harns fêst te stellen en bewize te kinnen. De identiteit fan de ynfiltrant wurdt ôfskerme om de man te befeiligjen. Sûnder de ynset fan dy ynfiltrant wie it net slagge om de saak rûn te krijen, seit it Iepenbier Ministearje.

De Vidar-saak is in grut ûndersyk. Foar de ynhâldlike behanneling wurde 25 dagen útlutsen. Dat sil ein takom jier plakfine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)