Trettjin acts troch nei twadde ronde Liet 2020

02 sep 2020 - 07:44

Foar it Fryske sjongfestvial Liet 2020 hawwe trettjin dielnimmers harren kwalifisearre foar de twadde ronde. Dat hat organisaasje Stichting Liet '91 tiisdei bekend makke. Uteinlik bliuwe der acht acts oer dy't yn de finale op freed 6 novimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert stride om de oerwinning.

Foto: Stichting Liet '91

Yn de tuskentiid mei it Fryske publyk yn in digitale stimming bepale wa't sy de bêste fine. De publyksstimming set begjin oktober útein. De seleksjesjuery, dy't bestiet út singer-songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt, hat alle 22 ynstjoerde nije Frysktalige lietsjes beoardiele.

De trettjin dielnimmers dy't talitten binne ta de folgjende ronde binne: Duo Dronkers & Alinda, Vocal Roses, Sample Text, Bant, Fegebart, Douwe Dijkstra, Fryaz, Fisk & The Stereo Machine, Janneke de Boer, Jilt & Bruno, Volk!, Bokke en de Heidehippers en Mosken.

"Soad ferskaat"

De twa acts dy't de measte stimmen fan de Fryske befolking krije, pleatse harren streekrjocht foar de finale. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery. Yn de finale sille fiif nije sjueryleden de beoardieling foar harren rekken nimme. De kommende moanne krije alle trettjin selektearre acts in live-optreden yn it muzykprogramma Noardewyn by Omrop Fryslân radio & tv.

"Der is dit jier in soad ferskaat wat ynstjoerings oanbelanget", neffens Liet-foarsitter Gerard van der Veer. "Njonken tradisjonele ferskes sjogge wy dat dielnimmers ek wat mear it eksperimint sykje. In moaie ûntjouwing."

Coachingsprojekt

Yn septimber set Liet útein mei it coachingsprojekt foar de oerbleaune trettjin dielnimmers. Op kosten fan de organisaasje meie de dielnimmers muzykcoach Janneke Brakels ynhiere foar in sparringssesje om te wurkjen oan it optreden foar de finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)