Hoe wurket de nije corona-app en hoe feilich is dy?

De corona-app 'CoronaMelder' soe eins tiisdei lansearre wurde, mar dat is foarearst útsteld. Dochs is de app al te downloaden en wurket er ek al. It is lykwols de fraach oft de app oait goed wurkje sil. Andrej Zwitter fan Campus Fryslân seit dêroer: "Het vraagt een groot aantal mensen die de app installeert om daadwerkelijk te werken. Als vijftig procent van de Nederlanders de app installeert, wordt maar 25 procent van alle contacten met coronapatiënten gemeld."
De nije corona-app
De app wurket fia bluetooth. Alle telefoans dy't de app hawwe, krije in unike, anonime koade. Dy koade wurdt ek allinnich op de telefoan opslein en wurdt dus net op in sintraal punt opslein. Sadree't je tichteby in persoan west hawwe dy't de app ek hat, wikselje de telefoans de koaden út. Sadree't immen it coronafirus hat, kin de GGD dêrnei dy koaden opfreegje om minsken te warskôgjen dat se mooglik yn kontakt west hawwe mei de coronapasjint.

App as ferlingstik fan GGD-wurk

De app is lykwols net feilleas. Sa kin it wêze dat je by ien yn de buert west hawwe, mar dat der in bygelyks in muorre tusken sitten hat. Dan hawwe de telefoans de koaden útwiksele, mar hawwe je net yn kontakt west mei de persoan.
Zwitter leit út: "De vraag is hoe je deze app gaat gebruiken. Als je alleen maar contactonderzoek doet via de app, dan gaan we zeker een probleem hebben. Als je het combineert met het handmatig uitzoeken door de GGD, heb je een grotere kans om de hele verspreiding te volgen." De app moat dus as ferlingstik brûkt wurde foar it wurk dat de GGD al docht en sil dat wurk net hielendal oernimme.
In testlokaasje foar it coronafirus © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat de app noch net lansearre wurdt, is om't it regear earst de needwet oannimme wol. Heechlearaar en politikolooch Caspar van den Berg fan Campus Fryslân seit dêr oer: "Het is jammer dat de app er nog niet is, maar uit oogpunt van de rechtstaat is het een goede zaak dat er eerst een wettelijke basis moet zijn voor het verkrijgen van zulke data."
Troch te wachtsjen op de needwet, krije de Twadde en Earste keamer better de kâns om te sjen nei wat de app krekt docht en hoe't dy alle data opslacht. "Volgens het ministerie is dat wel goed geregeld, maar het is een principekwestie. Als zulke gevoelige informatie verkregen wordt, moet de volksvertegenwoordiging daar wel goed naar kunnen kijken.