Wichtich rekreaasje- en natuergebiet op It Amelân oanpakt

02 sep 2020 - 06:41

Op It Amelân is tiisdeitemiddei offisjeel úteinset mei de oanpak fan it Hagedoornveld en de Zwanewaterduinen tusken Nes en Ballum. De natuer en de rekreaasjemooglikheden wurde ferbettere, sûnder dat kultuerhistoaryske eleminten lykas de stodiken oantaast wurde. As starthanneling moast der puzzele wurde mei kubussen en boargemaster Leo Pieter Stoel lei it earste puzzelstik.

Natuer en fytspaad oer de kop op Amelân

Krekt as yn in soad oare dúngebieten is de fegetaasje op It Amelân ferrûge trochdat der tefolle stikstof delslacht. Dêrtroch ferdwine soarten dy't hâlde fan earme, kalkrike grûn, lykas orchideeën. It typyske dúnmiljeu rekket dan út sicht. En dat moat oars.

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân docht de starthanneling; puzzelje mei it gebiet - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"De ingrepen die we hier gaan doen in dit gebied zijn het maken van kerven waarbij we de duinen vanaf de strandkant helemaal ontdoen van vegetatie zodat het zand alle ruimte krijgt om naar binnen te stuiven", leit Marjan Veendendaal, it haad fan Steatsboskbehear op It Amelân, út.

Natuerferskaat

Dêrneist wurdt der plagge. Veenendaal: "Dat houdt in dat in gebieden waar het wat natter kan worden we de humusrijke laag eraf halen, waardoor er meer zand naar boven komt en het water meer ruimte krijgt. En we gaan de overgangsgebieden tussen nat en droog meer accentueren."

Dat moat mear ferskaat yn de natuer opsmite, dy't dêrtroch wat mear ha kin. Boppedat is it in ûntwikkeling dy't mear kninen opsmite kin en ek de heidehipper profitearret dêrfan. De Waadeilannen binne wichtige kearngebieten foar dizze seldsume briedfûgel.

It gebiet is ferrûge - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De grutste wiziging yn de rekreative foarsjennings yn it gebiet, is it omlizzen fan it fytspaad ûnder it dún by see. Benammen it stik oan de kant fan Nes rûn nochal ris ûnder wetter. Trochdat it klimaat feroaret, komt der bytiden in hiel soad wetter yn in koarte tiid nei ûnderen ta. Dêrtroch hat it fytspaad al ris ôfsletten west.

"Het eerste stuk als je van de Nes-kant rekent, gaat iets naar het noorden toe en komt iets hoger op de duin, waardoor je ook de Wadden kan zien en het Hagedoornveld. En even verderop gaat het juist ten zuiden van het Hagedoornveld langs, waardoor je eigenlijk in het midden tussen Ballum en de strandovergang uitkomt", seit boargemaster Leo Pieter Stoel.

Beton

It nije fytspaad is fan beton. Skulpen út see helje foar in skulpepaad wurdt hieltiten dreger omdat it foar skea oan de ûnderwetternatuer soargje kin. Kuierders krije ek de romte mei mooglik noch wat ekstra útsjochpunten. Ek oan de ruters wurdt tocht. Fierder wurdt de omgong om de einekoai tagonklik makke foar it publyk.

It fytspaad stiet no te geregeld ûnder wetter - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)