Fierwei it measte swalkôffal op Gryn komt út Nederlân

02 sep 2020 - 06:00

Sa'n trijekwart fan it swalkôffal op Gryn komt út ús eigen lân, en yn guon gefallen ek gewoan út Harns. Alteast, as al wêrom te finen is wêr't it wei komt. Dat docht bliken út in analyze fan ôffal dat troch frijwilligers fan it Waadeilantsje ôfhelle is troch Wageningen University & Research. Om't it eilân ûnbewenne is, jout it in goed byld fan wat der oan guod omswalket yn de Waadsee.

Offal Gryn

Yn 2019 is der 350 kilo ôffal troch frijwilligers fan Natuurmonumenten fan Gryn ôfhelle. En dêr is hiel goed nei sjoen. "We hebben afval dat hier verzameld was later in Harlingen drie dagen lang in een grote hal gesorteerd en geanalyseerd. En wat we daarbij hebben gezien was dat het meeste afval dat hier op Griend ligt consumentenafval is. Dan moet je denken aan huishoudelijk afval of snoeppapiertjes of flessen", seit ûndersiker en ôffaldetective Wouter Jan Sprietman fan Wageningen University & Research.

Dielnimmers oan de ôffalaksje stean grutsk by de karre mei smoargens - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fiskerij-ôffal is in goeie twadde. Dêrby kin it gean om stikken netten, mar ek om moffen of guod dat brûkt wurdt om mokselperselen te markearjen. As je sjogge nei restanten fan netten is it dúdlik dat fierwei it measte komt fan netten dy't brûkt binne foar de Noardseefiskerij.

"Puntjes op de i"

Foar in part is dúdlik dat de netrestanten yn see bedarre binne nei in reparaasje fan in net. Yn it ûndersyk wurdt ek oanhelle dat der yn en om Harns al wat minder ôffal fan fiskers fûn wurdt no't dêr mei de fiskers ekstra op ynset wurdt. Dochs komme je it dêr ek noch geregeld tsjin.

Strietman: "We weten inmiddels dat de visserijafval dat hier ligt voornamelijk Nederlands afval is. Vanuit de Green Deal visserij voor een schone zee zijn allerlei partners waaronder de visserij actief om te kijken wat voor maatregelen kunnen we nemen om afval op zee te voorkomen. Het zou heel mooi zijn om met zijn allen te kijken waar we de puntjes nog op de i kunnen zetten om dit probleem te voorkomen."

In stikken stjitkessen op it strân fan Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ferline wike freed wie hy mei nei Gryn doe't dêr wêr ôffal ophelle waard troch frijwilligers fan Natuurmonumenten. Ek dêrby is wer sa'n 350 kilo oan ôffal ophelle. Doel fan dit ûndersyk yn opdracht fan Rykswettersteat is by de boarne wat te dwaan tsjin it ôffal yn see. Natuurmonumenten sjocht as behearder fan Gryn ek dat soks wichtige ynformaasje opsmite kin.

"Oft it no om oesternetten út Frankryk en it Feriene Keninkryk giet, of auto-ûnderdielen fan de MSC Zoe: it helpt ús wol om út te finen wêr't it ien en oar wei komt. Dêr kinne je dan previntyf op ynstekke en yn petear gean mei bygelyks dy oesterkwekers of mei fiskers dy't stikjes netten ôfsnije. Dat is wol wichtich foar ús", seit Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten.

"Griend verbonden met de Noordpool"

No liket dit in lokale kwestje, mar it probleem is ynternasjonaal. Wat der yn de Waadsee omdriuwt, kin hiele einen fierderop oanspiele, sa makket Strietman dúdlik: "Het interessante is dat Griend en de Waddenzee eigenlijk verbonden zijn met de Noordpool. Heel veel mensen weten niet dat door zeestromingen het zomaar kan gebeuren dat iets wat hier in de Waddenzee rond drijft binnen een half jaar in Denemarken kan zijn, binnen een jaar in Noord-Noorwegen en met dezelfde zeestroming binnen anderhalf jaar bij het pakijs. Dus zo snel kan het afval dat hier ligt daar terecht komen."

In frijwilliger fan Natuurmonumenten siket nei ôffal op Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Spitsbergen

Wouter Jan Strietman hat dêr yn dy gebieten ek ûndersyk dien: "Omdat er in het noorden zoveel afval ligt, hebben we de afgelopen paar jaar gekeken waar het het vandaan komt en aan welke kraan moeten we draaien om dat op te lossen. We hebben toen gekeken wat er van dichtbij kwam en wat van verderaf; bijvoorbeeld Nederland. Op Spitsbergen hebben we bijvoorbeeld een Jozo zoutvaatje gevonden. En we hebben in andere gebieden zaken uit Engeland of Canada gezien. Dus we weten dat het van heel ver kan komen. Inclusief Nederland."

Dielnimmers oan de ôffalopromdei op Gryn op freed 28 augustus mei Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)