Turncoach Tjalling van den Berg wol soarch foar slachtoffers en sporters

Turncoach Tjalling van den Berg fynt it in goeie saak dat it topsportprogramma by it turnbûn KNGU wer opstart wurdt. Mar dat hie eins fuortendaalks moatten doe't yn july allerhanne misstannen yn de turnwrâld boppe wetter kamen, sa seit Van den Berg yn in reaksje.
© Omrop Fryslân
De turnsters hawwe no te lang stil stien, en dat is net goed foar de tarieding nei de Olympyske Spelen. De twa op non-aktyf setten coaches, Vincent Wevers en de Fries Gerben Wiersma meie tongersdei wer úteinsette mei it jaan fan trainingen. mar dan net as bûnscoach en ek net op It Hearrenfean.
De kommende tiid sille alle trainingen jûn wurde yn Nijmegen mei oan de kant spesjale tafersjochhâlders. Neffens Tjalling van den Berg is dit mar tydlik en hy ferwachtet dat der yn desimber wer trainingen komme op It Hearrenfean.

"Diskusje wie earst iensidich"

De diskusje gie earst hiel iensidich ien kant op, fynt Van den Berg. "De trainers waarden oan de skandpeal delset. Utspraken binne út harren ferbân lutsen, oer de rêch fan eltsenien hinne. Mar aldergeloks hat der ek wat tsjinlûd west, ek út It Hearrenfean wei. Want minsken as Gerben Wiersma hawwe it echt net fertsjinne. En boppedat binne der ek ûntwikkelingen dat wy in moderne wize fan coachen hawwe. Der is in gigantysk ferskil tusken de antike trainer en de moderne coach."
Van den Berg seit dat hy geregeld kontakt hân hat mei coach Gerben Wiersma. "Om syn holle fris te hâlden en te harkjen. Hy moat dochs ek wer syn programma opppakke. Want it is eins ien fan de bêste coaches dy't wy hawwe, fyn ik. Hy regelet ek alles om de sporter hinne: de lifestyle, it iten, medyske fersoarging, de persoanlikheid fan de sporter. Dat part kin hy aldergeloks wer oppakke, sûnder dat it de namme bûnscoach krijt."
Ek foar de sporters is dat wichtich, om gjin efterstân op te rinnen. "Net allinne fysyk, mar ek mentaal. It mentale part fan coaching wurdt swier ûnderskat. Om dysels werom te finen, dat easket in soad ynset. En it is ek in high tech-sport, dus lizze je der út, dan is der gau efterstân."

Soarch foar slachtoffers en sporters

Wat is no de oplossing neffens turncoach Van den Berg? "Der binne twa dingen," sa seit hy. "Ien: de neisoarch foar slachtoffers, dat is tige wichtich. Wat dwaan mei it ûndersyk dus: benammen de kultuer fan it bûn en de opliedingen fan de coaches. En twa: de soarch foar in Olympysk team. Oars krije je in nij skandaal om't je de turnsters stean litte. De earste stap wie doe al: set der in tafersjochhâlder op, mar lit de sporters yn harren eigen situaasje troch traine. Dit is in tydlike situaasje, in needoplossing. It trainen yn Nijmegen kin úteinlik net sa bliuwe."
De ferwachting fan Van den Berg is dus dat der reedlik rap wer traind wurde sil yn de turnhal op It Hearrenfean.
Turncoach Tjalling van den Berg