Twa ûndernimmers op Flylân bakkeleie oer sutelfergunning op in stik strân

01 sep 2020 - 20:36

Op Flylân wurdt bakkeleid oer in stik strân by de strânoergong oan de Badwei. Dat gebiet wurdt sûnt 2002 hierd troch hoteleigener Harry Westers, dy't it ek skjin hâlde moat. Mar no moat de gemeente in sutelfergunning foar it hiele strân ôfjaan oan Harry Jurjens, eigener fan Harry's Beach Essentials. En dêr is Westers it net mei iens, want neffens him kin hy it strân net skjin hâlde as der rommel fan in oare eksploitant oer it strân waait.

Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De gemeente Flylân sit dermei yn 'e pine, want de gemeente hie it stik strân earst wol as ferbean gebiet bestimpele foar de elektryske strânweinen fan Jurjens. Mar de rjochtbank fan Noard-Nederlân hat bepaald dat dit net terjochte wie. Dêrom is Westers nei de Ried fan Steat stapt. Dy sil oer in pear wiken beslisse hoe't it no fierder moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)