Coronamaatregels tenei ek regionaal bepaald: eltse wike folget evaluaasje

01 sep 2020 - 19:23

It kabinet komt mei in regionaal beoardielingssysteem: it betsjut dat coronaregels tenei eltse wike bepaald wurde foar regio's. Alle wiken folget der in evaluaasje wêrmei't der sjoen wurdt oft it mei in Veiligheidsregio de goeie kant op giet. It nije systeem moat healwei septimber yngean. "Per regio gaan we bepalen wat het besmettingsrisico is. Aan de hand daarvan kunnen regio's de maatregelen nemen die nodig zijn," sei minister Hugo de Jonge yn in nije coronaparsekonferinsje.

Foto: ANP

Minister De Jonge hat yn de parsekonferinsje oanjûn dat de oanpak fan it coronafirus 'minder landelijk en meer lokaal' wurdt. De Jonge: "Daar waar het virus de kop op steekt, moeten we het weer indrukken. Het coronadashboard verschaft ons daar de informatie voor, met de cijfers per gemeente. De ene gemeente vraag een andere aanpak dan de andere, in een stad is het anders dan in een dorp verderop."

Regionaal: ek om it fol te hâlden

De regionale oanpak wurdt dien om oan de iene kant it firus ôf te remjen. "Maar aan de andere kant ook om de samenleving zo min mogelijk te belasten met regels. Zo kunnen we het zo lang mogelijk volhouden."

Maatregels kinne op de situaasje yn in regio rjochte wurde. "Als bijvoorbeeld uit het bron- en contactonderzoek blijkt dat verspreiding van het virus vooral via thuisfeestjes plaatsvindt, liggen maatregelen gericht op drukte in binnensteden minder voor de hand," liet minister De Jonge witte.

Wach - soarchlik - slim

Der is in saneamde eskalaasjeljedder mei trije fazen: wach, soarchlik en slim. By 'wach' komme der net in soad besmettingen by en is der genôch soarchkapasiteit. By 'soarchlik' rint it tal besmettingen op en nimt de druk op de soarch ta. Dan binne der oanfolgjende maatregels nedich. By 'slim' is it nedich om hurd yn te gripen. It oantal besmettingen rint dan hurd op, boarne- en kontaktûndersyk wurket net mear en de soarchkapasiteit is net genôch.

Ferpleechhuzen by besmetting alle wiken teste

Minister De Jonge fertelde dat symptomen by âlderein yn in ferpleechhûs net altyd goed sichtber binne. "Daarom zullen we bij een uitbraak in een verpleeghuis bewoners en medewerkers wekelijks testen tot de besmetting is teruggedrongen. Daarnaast gaan we meer preventief gebruik van mondkapjes maken."

Diskoteken en nachtklups bliuwe ticht

Diskoteken en nachtklups bliuw foarearst ticht. Ek dat is in maatregel dy't yn de parsekonferinsje bekend waard. "Dat is voor deze branche geen goed nieuws, maar het risico op besmetting is gewoon te groot," sei premier Rutte.

Karantêne by bern fan 0-4 wurdt lykas by bern fan 4-12 jier

Minister-presidint Rutte makke ek bekend dat it karantênebelied fan bern tusken de 0-4 jier lyk lutsen wurdt mei it belied oer bern fan 4-12 jier âld. Dat betsjut ek 'de jongste kinderen naar de kinderopvang,' sei Rutte. Mits sy fansels it firus net hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)