Anna (20) bliid mei mesferbod yn Drachten: "It giet hjir wol heftich"

01 sep 2020 - 18:18

Jongelju dy't omrinne mei messen op strjitte en ek net mear sûnder doarre om't der in eangstkultuer libbet. It klinkt as in film, mar it is it gefoel dat guon jongelju yn Drachten hat. De ôfrûne tiid hawwe dêr meardere bedrigingen west en yn desimber waard Roan Brilstra fan 16 jier it deadlike slachtoffer fan in stekynsidint. Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân rôp op om in lanlik ferbod op messen yn te fieren. Sa fier is it noch net, mar tiisdei giet der yn Drachten wol in ferbod fan net-yllegale messen yn. Anna (20) is yn Drachten ek bedrige mei in mes. Se docht anonym har ferhaal.

Rijpstra Mesferbod

Anna waard in pear wiken lyn mei in freon bedrige by in snackbar op De Kaden. "Ik fyn dat beëangjend. Ik fyn dat net normaal. Dan komst gewoan normaal út de kroech mei in hiele leuke sfear, en dan komst bûten en dan yn ien kear safolle druk en sa benearjend. Echt, what the hell", de huveringen rinne wer oer har rêch as sy it fertelt. Anna hopet dan ek dat der úteinlik gjin messen mear op strjitte binne. "Dit moat gewoan ophâlde. Ik fyn it net leuk mear. Kinst hjir net normaal oer strjitte rinne en foaral net as famke."

Se hat sels ek in mes by har droegen, mar docht dat no net mear. "Ut feiligens. Ast hjir oer de strjitte rinst, dan tinkst wol: ik moat dochs in mes by my hawwe. It is hjir bêst heftich. Mar ik wol dat net mear."

Lanlik ferbod

"Der moat in lanlik ferbod op messen komme yn iepenbiere romten". Dêrta rôp boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân begjin jannewaris op nei de dea fan Roan Brilstra (16). No, in pear moannen letter, is der in begjin fan dat ferbod. Op tiisdeitejûn om 21.00 oere giet it mesferbod yn Drachten yn. Dat ferbod jildt oant 7.00 oere en giet dan jûns om 21.00 oere wer op 'e nij yn.

Foto: Omrop Fryslân

Anna (20) en jongereinwurker Tamara fertelle (ûnwerkenber) oan Omrop Fryslân oer de meskultuer yn Drachten:

Jongereinwurker Tamara fynt it in goed ding dat der in ferbod is. Se wurket by Maatschappelijke Onderneming Smallingerland (MOS). "Naar mijn idee was het altijd al zo dat je geen messen op straat bij je had. Maar dat er nu extra op gecontroleerd en gehandhaafd wordt, lijkt mij een goed plan", seit sy. "Als we kijken naar wat er de afgelopen maanden allemaal is gebeurd en ook qua heftigheid denk ik dat het goed is, ook al zou het niet echt nut hebben, dat het voor de mensen een veiliger gevoel geeft".

Dit moat ophâlde

Yn it begjin sil it ferbod net helpe, tinkt Anna. "Yn it begjin sille sy noch mear dwaan en útdaagje en ferfelend dwaan mei de plysje en sa, mar úteinlik hoopje ik wol dat it helpt. Sa as ik al sei: dit moat ophâlde."

Boargemaster Jan Rijpstra oer it mesferbod

It ferbod jildt foar in saneamd feiligensregiogebiet. Dat is in regio yn it sintrum fan Drachten. It ferbod jildt earst foar in jier. It giet om de Noarderbuert, Houtleane, Noarderdwersfeart, Suderdwersfeart, Bergleane, Museumplein en de Suderbuert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)