Oanfreegjen coronatest kostet tiid en trochsettingfermogen

01 sep 2020 - 17:51

Wa't test wurde wol op it coronafirus moat der rekken mei hâlde dat it in soad tiid kostet om it foar elkoar te krijen. En dat je mooglik op in testlokaasje útkomme dy't hûnderten kilometers fier fuort is. Dat docht bliken út in stekproef troch Omrop Fryslân.

In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der binne op dit stuit twa manieren om oan in ôfspraak te kommen foar in coronatest. Dat kin online fia coronatest.nl of fia de telefoan op 0800-1202. Yn beide gefallen komme je út by it lanlike ôfsprakesintrum. Sy besykje dan in lokaasje te finen dy't yn de buert is, mar dêr't it ek net te lang duorret foardat je der hinne kinne. Troch de grutte drokte op dit stuit rinne je yn beide gefallen tsjin problemen oan.

Vianen

Wa't online in ôfspraak besiket te meitsjen, moat in tal fragen beäntwurdzje oer de klachten, ynlogge mei de DigiD om dêrnei de eigen postkoade yn te foljen. Wa't no lykwols in Fryske postkoade ynfollet, krijt fia de webside te hearren dat der gjin testlokaasjes beskikber binne. Ek it ynfoljen fan in Grinslanner of Drintske postkoade helpt net. Pas by it ynfoljen fan de postkoade fan Lelystêd komt der in testlokaasje tefoarskyn. Yn Vianen, krekt ûnder Utert.

Fia de telefoan hawwe je krekt wat mear opsjes. Sa kin ien dy't op tiisdeitemoarn bellet op freed telâne yn Drachten, Ljouwert of Drylts (de trije Fryske lokaasjes). Of je moatte gelok hawwe dat der in ôfspraak ôfsein wurdt sadat je al earder in plakje krije kinne. Mar dat is de útsûndering.

Je moatte ek geduld dwaan foardat je ien oan de telefoan hawwe op it 0800-nûmer. Yn de measte gefallen krije je in bantsje dat je freget om it in healoere letter nochris te besykjen. Krije je dat bantsje net dan duorret it yn guon gefallen hast in oere foardat je ien oan de telefoan hawwe.

Rap teste needsaaklik

"Dit is fansels net sa as we it ha wolle", seit wurdfierder Marcel de Jong fan de GGD Fryslân. "It leafst sjogge we dat minsken harren rap teste litte kinne en dat ek dy ôfspraken sûnder problemen makke wurde kinne. Mar it is op dit stuit gewoan hiel drok."

Yn Fryslân kinne op it stuit maksimaal 800 tests op in dei ferwurke wurde. "Dat hat benammen te krijen mei de kapasiteit fan de laboratoaria. Dy kinne net mear oan omdat der net genôch apparaten binne." En by de GGD fine se dat spitich.

"Wy wolle wol hiel graach mear dwaan. En we dogge ek wolris mear. Sa hiene we moandei op ien dei 840 tests dien. Mar dêrmei pakke we dus al wat fan de kapasiteit fan de dei dernei." En sa rinne se neffens De Jong wol wat achter de feiten oan.

In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dat it meitsjen fan in ôfspraak net sa maklik giet, fernimme se ek by de testlokaasje yn Drachten. Dêr melde harren net allinnich Friezen foar in test, mar ek minsken út Grinslân, Drinte en somtiden sels noch fierder fuort. "Mensen willen snel getest en zijn dan best bereid om er een eindje voor te rijden", sa seit ien fan de meiwurkers.

Symptomen? Dan teste!

Dat it regeljen fan in test in soad muoite en tiid kostje kin, is in risiko, seit De Jong fan de GGD. Sa soe it kinne dat minsken ôfheakje as se te lang yn de wacht stean moatte oan de telefoan. Dochs hopet De Jong dat minsken harren dochs teste litte sille. "Elk dy't symptomen hat, soe him eins teste litte moatte. Allinnich op dy wize krije we de sykte echt ûnder kontrôle."

Yn hiel Nederlân waarden ferline wike leafst 163.000 minsken testen. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. Dat is in groei fan 23.000. Dat hat alles te krijen mei dat der op it stuit mear minsken mei de gewoane gryp omrinne of ferkâlden binne. Ek dy minsken moatte harren offisjeel teste litte. It tal positive testen nimt wol ôf, fan 2,5 persint nei 2,2 persint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)