CityProms krijt 6 ton subsydzje fan Fonds voor Cultuurparticipatie

It muzykfestival CityProms krijt fan it Fonds voor Cultuurparticipatie seis ton subsydzje. Dêrmei is it Ljouwerter festival foar de kommende jierren wis fan bestean. Earder dizze simmer waard bekend dat CityProms gjin jild fan de provinsje krijt. Dat wie foar it festival in grutte teloarstelling.
© Ruben van Vliet
CityProms soe dit jier foar it tsiende jier hâlden wurde. Mar fanwegen it coronafirus koe dat net troch gean. De jubileumedysje stiet no pland foar takom jier. Produsint Jan Gaastra is tige bliid mei de takende subsydzje. "In dit geval bestaat de subsidie uit vier jaar lang 150.000 euro, wat typerend genoeg op de cent af het bedrag is dat de provincie ons gekort heeft."
De seis ton subsydzje is de basis foar it bestean fan it festival, sa binne der bygelyks gjin ynkomsten fan kaartferkeap want CityProms is fergees tagonklik. "Dat de provincie Fryslân en de gemeente Leeuwarden altijd vierkant achter het festival stonden is de basis van het festival. We hebben natuurlijk wat catering, maar het is echt sponsoring, subsidies voor ondersteuning van met name sociaal maatschappelijke projecten dat de basis is. Het festival is natuurlijk veel breder dan alleen dat gratis festival op het plein, het staat op 12 locaties door de stad en gaat eigenlijk het hele jaar door. Het heeft een belangrijke maatschappelijke functie."

Roze Zaterdag

Ljouwert soe yn 2020 Roze Zaterdag organisearje, in evenemint dat as doel hat de diversiteit fan lesbiennen, homoseksuelen, biseksuelen en trans- en yntersekse persoanen te toanen en it begryp foar dizze LHBTI'ers te fergrutsjen. Om't de produksje fan Roze Zaterdag yn kombinaasje mei CityProms giet, soe dit ek yn gefaar komme. Jan Gaastra: "Het heeft nogal wat effect. We weten nu in ieder geval dat we waarschijnlijk nog een paar jaar door kunnen gaan."
De klap fan de beslissing fan de provinsje kaam hurd oan, "Als je negen jaar wel artistieke waarde hebt, maar het tiende jaar niet, dan is dat nogal vreemd. Het is een enorme mokerslag geweest, en het Fonds voor Cultuurparticipatie heeft daar gelukkig op ingegrepen en die zien waarschijnlijk wel wat de artistieke waarde van CityProms is."

Gjin begryp foar provinsje

Gaastra hat gjin begryp foar de kar fan de provinsje: "Ik ken het verhaal van de commissies waar het aan uitbesteed is, die gaan dan oordelen over festivals of evenementen die ze misschien nog nooit gezien hebben. Ik vind het jammer dat de provincie zich steeds achter die commissies verschuilt."
Sietske Poepkes sil mei ferskate ynstânsjes yn petear oer dit ûnderwerp. "Ik hoop dat die wat kwaadheid en vervelende gevoelens weg kunnen halen."
Jan Gaastra, de útfierend produsint fan CityProms

Fragen oan de Provinsjale Steaten

De CDA Steatefraksje, stipe troch de FNP, PvdA en CU, sil yn de Provinsjale Steategearkomste fan 16 septimber 2020 fragen stelle oer de takenne subsydzjes foar de kultuersektor, om't in protte ynstellingen harren soargen meitsje oer harren takomst en derom beswierskriften yntsjinne hawwe.
Direkteur Margot Hoiting