Pilot Gaasterwaarden giet net troch: "Wy moatte foar in grut plan gean"

De pilot om mear floara en fauna yn de Gaasterwaarden te kreëarjen giet net troch. Dat hat de Inisjatyfgroep Gaasterwaarden besletten. Neffens harren hat it te lang duorre en is de pilot no efterhelle.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Al jierren wurdt der sprutsen oer de ûntwikkeling fan de Gaasterwaarden, in gebiet foar de kust fan de Iselmar by Aldemardum. It gebiet moat fersterke wurde om kustôfslach tsjin te gean en it strân de Hege Gerzen te beskermjen.
"We proberen bepaalde diersoorten en vissen hier meer te stimuleren", fertelt Albert Bekedam fan de inisjatyfgroep. "Er zijn hier veel overwinterende dieren aanwezig en de visstand loopt terug."
It oanpakken fan de Gaasterwaarden moat foar de natoer, rekreaasje én de agrariërs positive gefolgen ha. "As boer libje je en dogge je alles mei de natoer. Alles om je hinne brûke je yn je bedriuwsfiering", seit Lucas Westra, ek fan de inisjatyfgroep.

Keale sânplaat is net mear keal

"De lêste jierren wurdt it op syn berin litten. Dêrtroch is dy keale sânplaat yntusken net mear keal, dy is hielendal begroeid", fertelt Westra. Trije jier lyn waard dêrom de pilot Gaasterwaarden betocht.
"Mar as wy no nei dit gebiet sjogge, tinke wy dy pilot is fier efterhelle. It hat tefolle tiid nommen by de provinsje en natuerorganisaasjes. As wy hjir echt wat dwaan wolle, sille wy foar in grut plan gean moatte", sa seit Westra. De plannen om it gebiet oan te pakken moatte dan ek trochgean, mar dan sûnder dat der in pilot oan foarôfgiet.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de Gaasterwaarden