KNGU: turncoach Wiersma mei wer oan it wurk, mar noch net as bûnscoach

01 sep 2020 - 16:32

It turnbûn KNGU hat tiisdeitemiddei yn topsportsintrum Papendal bekend makke dat it topsportprogramma wer opstart wurdt. Dat betsjut ek dat coaches Vincent Wevers en Gerben Wiersma weromkomme yn de seal, nei't se earder op non-aktyf steld wiene nei beskuldigingen fan misbrûk. De KNGU set mei in wiidweidich ûndersyk útein nei grinsoerskridend hâlden en dragen op alle nivo's.

Parsekonferinsje KNGU

De misstannen yn de turnwrâld kamen ein july boppe wetter, doe't meardere âld-turnsters nei bûten kamen mei ferhalen oer mishanneling, fysyk en mentaal, troch guon turncoaches. It soarge foar in skokgolf, it turnbûn kaam mei maatregels en in ûndersyk.

Sa waard fuortendaalks topsportprogramma fan de Nederlânske frouljusseleksje stilset. En dat hat grutte gefolgen. It op non-aktyf setten fan ûnder oare de Fryske bûnscoach Gerben Wiersma en trainer Vincent Wevers betsjutte dat se net mear wolkom wiene yn de turnhal op It Hearrenfean. Se koene dêtroch net Sanne en Lieke Wevers traine of Vera van Pol en Naomi Visser.

Misstannen boppe wetter

Op 30 july hat it bestjoer fan it Nederlânsk turnbûn KNGU it programma fan de Oranje-frouljusseleksje dus stilset salang at it ûndersyk nei de misstannen yn de sport rint. De seis belutsen coaches, ek bûnscoach Gerben Wiersma, mochten foarearst net as trainer fan it bûn harren funksje útfiere.

Dêrfoar is der al hiel wat nei bûten kaam oer fysike en geestlike mishanneling, as earste troch Gerrit Beltman. Hy fertelde dêr op 25 july oer yn it Noordhollands Dagblad. Hy joech oan dat er him skuldich makke hat oan it fernederjen fan turnsters, manipulaasje en dus fysike en psychyske mishanneling.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It baltsje gie doe rôljen wêrnei't mear minsken út de turnwrâld besleaten te fertellen wat harren oerkaam wie. Turnsters Stephanie Tijmes en Loes Linders fertelden oer mishanneling fia sosjal media. Dat dienen se troch de tekst 'Ik ben een van hen...' te brûken. In dei letter siet âld-turnster Joy Goedkoop by NOS Studio Sport. Sy bekuldige bûnstrainer Vincent Wevers fan fysike en mentale mishanneling.

Omrop Fryslân brocht op woansdei 29 july it ferhaal fan in âld-turnster út Dronryp. Sy woe anonym bliuwe mar makke in sa't se it sels omskreau 'strafkultuer' mei by har turnferiening DOS yn Dronryp.

Ferslachjouwer Timo Jepkema yn Papendal

Tuskentiid

Yn de tuskentiid oerlangen âld-turnsters in boek oan de KNGU mei misstannen dy't sy yn har aktive karriêre meimakke hawwe. Dêr is yn it ferline ek ûndersyk nei dien troch de KNGU, mar de resultaten fan dat ûndersyk binne nea earder iepenbier makke. Tsjin it AD sizze de âld-turnsters dat se de KNGU wantrouwe om't der jierrenlang neat dien is mei it boek dat se publisearre hawwe en mei oare ferhalen fan 'slachtoffers'.

Mark Meijer, technysk direkteur fan de KNGU

(Advertinsje)
(Advertinsje)