Hoe is it no mei vlogger Karin Veldhuizen?

Campingeigener Karin Veldhuizen sjocht werom op in simmer mei djipte- en hichtepunten. In teloarstellend foarseizoen en in heechseizoen mei in hiel soad wurk. Mar hat dit it goedmakke foar alles dat de camping misrûn is?
Karin Veldhuizen
Karin Veldhuizen hat meiwurke oan it vlogprojekt Berjochten út it hert fan Omrop Frysân. In netwurk oan minsken út de hiele provinsje wei hat yn maart, april en maaie fideodeiboeken makke, om fan binnenút de provinsje sjen te litten wat der krekt spile yn de coronakrisis.
Mear vlogs fan Karin Veldhuizen en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia dizze dossierside.