Advokaat Tjalling van der Goot: "Aksje Grapperhaus wie net tûk"

01 sep 2020 - 15:10

Oertrêders fan de 1,5 meter-maatregel dy't in boete krigen hawwe, tinke in goeie kans te meitsjen by de rjochter. Hielendal no't minister Grapperhaus fan Jusytsje en Feiligens sels dy regel op syn houlik oertrêden hat. In grut advokatekantoar hat yntusken al frege om in algemien pardon. Advokaat Tjalling van der Goot stiet tsientallen oertrêders by.

Tjalling van der Goot

Van der Goot neamt de aksje fan Grapperhaus net ferstannich. "Hielendal net fan in man dy't in the picture is. Van der Goot ferwiist dêrmei nei de bordesfoto op de brulloft fan de minster.

Leauweardigens

Neffens Van der Goot hat Grapperhaus sjen litten dat it dreech is om 1,5 meter ôfstân fan inoar te hâlden. "It hat mei leauweardigens te krijen, grif as minister dy't oanjager is fan dizze maatregel en needferoardering. Dat hy himsels der dan net oan hâldt, falt by de measten fan myn kliïnten ferkeard."

Dochs is de meast wichtige reden om nei de rjochter te stappen in oare. "Wy binne prinsipieel tsjin de needferoardering om't dy net rjochtmjittich is. It is in beslissing dy't nommen is troch de Veiligheidsregio en is dus net demokratysk."

Minister fan Justysje en Feiligens Ferd Grapperhaus - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)