Fjouwer Fryske musea krije coronakompensaasje fan Mondriaan Fûns

Stichting Amelander Musea, Museum Belvédère op it Hearrenfean, Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert en it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer krije in bydrage fan sechtichtûzen euro fan it Mondriaan Fûns. De musea krije it jild as kompensaasje foar de coronakrisis.
Natuurmuseum Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De musea moasten troch de coronamaatregels in skoft ticht en misse dêrtroch in grut diel fan harren ynkomsten. It Mondriaan Fûns hat dêrom jid beskikber steld om de musea te kompensearjen.
Earder krige ek it Fries Museum al in bydrage fan it fûns.