GGD: 20 nije coronabesmettings; ien sikehûsopname

01 sep 2020 - 14:09

Der binne sûnt ôfrûne freed tweintich Friezen posityf test op it coronafirus. Dat meldt GGD Fryslân. Ien coronapasjint is opnaam yn it sikehûs. Der is sûnt freed gjinien ferstoarn oan de gefolgen fan it firus.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Yn totaal binne der no 824 minsken yn Fryslân posityf test op it coronafirus, wêrfan 148 yn ferpleech- en fersoargingshûzen. Yn totaal hawwe der 131 persoanen yn it sikehûs opnaam west, fan wa't der no noch ien yn it MCL yn Ljouwert leit. Der binne 69 Friezen ferstoarn oan it coronafirus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)