Ljouwerter oanholden neidat er syn hûn oanset hanthaveners oan te fallen

In 31-jierrige man út Ljouwert is moandeitejûn oanholden yn it Rengerspark yn de stêd neidat er syn hûn oansette om hanthaveners oan te fallen.
© Plysje
De man liet syn hûn losrinne en waard derop oansprutsen troch de hanthaveners. Hy skold harren út en besocht syn hûn safier te krijen om se oan te fallen. Ek fersette hy him tsjin syn oanhâlding.
De fertochte is oerdroegen oan de plysje en is ynsletten foar fierder ûndersyk.