Thialf wol 'bubbel' foar it reedriden wurde: "We willen schaatshart van de wereld zijn"

Thialf is kandidaat om oant jannewaris alle wrâldbekers te organisearjen. Reedrydbûn ISU hopet op It Hearrenfean in 'bubbel' te meitsjen om sa de reedriders te beskermjen tsjin it coronafirus. Thialf soe dy rôl graach ferfolje, seit direkteur Marc Winters. Mar oft dat helber is, is noch mar de fraach.
Thialfbubbel
"We zijn er niet alleen trots op dat we genoemd worden, maar we staan er natuurlijk voor open dat te onderzoeken", sa seit Winters. Wat de gevolgen binne foar bygelyks de rekreaasje yn de iishal, is noch ûnwis. "Het is eigenlijk alleen nog een idee. Een van de dingen die we moeten weten is om hoeveel dagen en toernooien het gaat, dan kunnen we kijken naar de gevolgen voor Thialf."
Ek oft it finansjeel helber is foar de iishal is noch net dúdlik. Thialf moast earder dit jier noch út de finansjele problemen holpen wurde.

It reedrydhert fan de wrâld

Thialf wol de wedstriden yn elts gefal graach organisearje, seit Winters. "We hebben de ambitie om het schaatshart van de wereld te zijn." Ek de reedriders hoopje dat Thialf it wurdt. "De schaatsers roepen er zelf hard om dat ze het in Thialf willen doen, dat voelt heel trots."
Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Marc Winters
Deputearre Sander de Rouwe fynt it plan foar de reedrydbubbel op It Hearrenfean 'nijsgjirrich', mar wiist der wol op dat Fryslân it reedrydseizoen net allinnich rêde kin.
De deputearre wol hjiroer prate mei sportminister Tamara van Ark. Dat kin ek, want Van Ark komt dit wykein nei it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. "Gouden medaljes binne prachtich, mar Thialf moat ek swarte sifers skriuwe. Fryslân kin de kosten foar topsport net allinnich drage."
Harkje nei de reaksje fan deputearre Sander de Rouwe
Reedrydcoach Jillert Anema jûchet it plan ta. "Der komt wol hiel wat by sjen, mar it kin wol. Bist wol altyd ôfhinklik fan hoe't de sporters har gedrage. As sy har oan de regels hâlde, kin it wol."
Reedrydcoach Jillert Anema