Kommende stoarmen krije nammen fan Alvestêdewinners

Nederlân wurdt de kommende moannen mooglik troffen troch de stoarm Evert. Dy is ferneamd nei Evert van Benthem, de winner fan de Alvestêdetocht yn 1985 en 1986.
© Omrop Fryslân
De namme Evert stiet op de list fan stoarmnammen dy't it KNMI opsteld hat mei Britske en Ierske waartsjinsten. Oare Nederlânske nammen op de list binne Christoph (nei KNMI-oprjochter Christophorus Buys Ballot), Klaas (Klaas Rienk Postma, waarman fan it KNMI by de wettersneedramp fan 1953) en Minne (Minne Hoekstra út Wergea, winner fan de earste Alvestêdetocht yn 1909). Dêrnjonken komme de stoarmnammen Fleur en Julia fan it KNMI.

Warskôgje foar hurde wyn

Stoarmen krije in namme wannear't it KNMI koade oranje of koade read ynstelt, en somtiden ek by koade giel. Dat moat helpe om minsken te warskôgjen foar it gefaar fan hurde wyn, lykas ek bart yn Amearika.
De earste grutte stoarm fan it kommende seizoen krijt de namme Aiden, wêrnei't Bella, Christoph, Darcy, Evert en Fleur folgje.
It KNMI fierde it nammesysteem ferline jier yn. De earste stoarm dy't yn Nederlân in namme krige, wie Ciara yn febrewaris fan dit jier.
Stoarmnammen foar it seizoen 2020/2021 © KNMI