Amerikaansk ambassadeur Pete Hoekstra yn Fryslân om te waadrinnen

Ambassadeur fan de Feriene Steaten Pete Hoekstra hat moandei oan it waadrinnen west yn Fryslân. Mei Australysk ambassadeur Matthew Neuhaus en in tal meiwurkers fan de ambassade gie hy der op út.
© US Embassy
It waadrinnen hat Hoekstra - yn tenu fan sportklup Hearrenfean - goed foldien, skriuwt er. "De modder yn by leechwetter mei wat freonen (en goedkeape skuon) moat op je bucketlist stean."
De Amerikaanske ambassadeur is gjin ûnbekende yn Fryslân. Hoekstra hat Fryske roots en fytste yn it ferline alris de Alvestêdetocht út.

'Geweldige gidsen'

Australysk ambassadeur yn Nederlân Neuhaus betanke de gidsen foar de feilige oertocht. "Geweldige Fryske gidsen ha ús feilich hinne en werom troch de Waadsee brocht."