Caravan brânt út yn Aldeboarn; plysje giet út fan brânstichting

01 sep 2020 - 10:40

Oan de Sudkant yn Aldeboarn is yn de nacht fan moandei op tiisdei in caravan folslein útbaarnd. Dy stie al hast twa wiken op it parkearterrein fan vv Oldeboorn.

Foto: De Vries Media

Om 0.30 oere hinne waard de brânwacht fan Akkrum oproppen. Doe't de helptsjinsten arrivearren, stie de caravan al yn ljochte lôge. Dêr kaam in soad reek by frij. De brân wie rap ûnder kontrôle, mar fan de caravan bleau net in soad oer.

De caravan stie sûnt 20 augustus op it parkearterrein fan VV Oldeboorn. De gemeente Hearrenfean rôp de eigener moandei op Facebook op om de sleurhut foar 7 septimber op te heljen en earne te stallen dêr't dat wol tastien is. "Doe je dat niet, dan verwijderen we de caravan op jouw kosten."

De plysje giet út fan brânstichting en ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
brân caravan Aldeboarn Sudkant
(Advertinsje)
(Advertinsje)