VVD Fryslân draacht fjouwer kandidaten oan foar kandidatelist Twadde Keamer

VVD Fryslân draacht fjouwer kandidaten oan foar in plak op de kandidatelist fan de Twadde Keamerferkiezings: Aukje de Vries, Harry Bevers, Ivo de Wolff en Roelof Theun Hoen.
© VVD Fryslân
Aukje de Vries, sittend keamerlid, optearret foar in tredde termyn. Harry Bevers, riedslid yn de gemeente Ljouwert stiet foar de twadde kear op de list. Yn 2017 stie er op in net ferkiesber plak.
Nijkommers binne Ivo de Wolff, fraksjefoarsitter yn de gemeente De Fryske Marren, en Roelof Theun Hoen, wethâlder yn de gemeente Weststellingwerf.
Ein desimber sprekke de leden fan de VVD har út oer de konsept-kandidatelist. Begjin jannewaris wurdt de definitive list bekendmakke. VVD Fryslân seit te stribjen nei twa Fryske kandidaten yn de top fan de list.