Kollum: "De bistekwellers fan Bûtenpost"

01 sep 2020 - 08:24

"Earlik sein wist ik fan it bestean net, mar yn Nederlân ha wy in Landelijk Expertisecentrum Dierenmishandeling. Sawol partikulieren as bistedokters kinne dêr saken melde dy't se net fertrouwe. Sadree't der in melding komt, siket de koördinator fan it LED in groep eksperts byinoar. De gearstalling fan sa'n groep hinget fan de aard fan it letsel ôf, mar de groep telt yn alle gefallen in radiolooch, in patolooch, in kriminolooch, heechleararen en meiwurkers fan it Nederlands Forensisch Instituut.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Yn de earste oanrin klinkt dat oer de top. Dochs blykt sa'n gewichtich Landelijk Expertisecentrum bittere needsaak te wêzen. Want it tal wreedheden dat bisten oandien wurdt, is sûnder ein. Alle kearen dat berjochten dêroer nei bûten ta komme, skokke dy de maatskippij. Dat komt om't bisten warleas binne. Se binne earlik, fertrouwe ús, oardielje net en binne oanhinklik. Dat krekt dy ûnskuldige skepsels tramtearre wurde, slacht ús telider.

Troch de jierren hinne is der hieltyd mear wittenskiplik ûndersyk dien nei it ferbân tusken geweld tsjin minske en bist. De resultaten dêrfan meitsje jin net fleurich. Wredens tsjin bisten is in yndikaasje foar oare agresje nei minsken ta. Bedriuwers fan geweldsdelikten ha yn it ferline faak bisten mishannele, en oarsom: wa't bisten mishannelet bedriuwt faker misdieden. Undersiken litte psychyske fersteurings sjen. In gebrek oan empaty, it fermogen om dy yn te libjen yn de situaasje of it gefoel fan in oar, minske of bist. Der kin sprake wêze fan trauma, frustraasje of kleare sadisme.

It blykt dat bern dy't yn harren jeugd bisten mishannelje, foar swierdere geweldsdelikten mei de plysje te dwaan krije as bern dy't gjin ferline fan bistemishanneling ha. Franciscus fan Assisi, de skutspatroan fan Bistedei sei it al: 'Alle skepsels op ierde fiele as wy, stribje nei gelok lykas ús. Wy ha in hegere opdracht om har te helpen as se ús nedich ha. Minsken dy't watfoar skepsel ek mar útslute fan harren meilibjen of begrutsjen, sille krekt sa hannelje foar harren meiminske oer.'

De âlde Franciscus hie it dus by de rjochte ein. Bisten ha gjin stim, wol gefoel. Se ha ús beskerming nedich, omdat se net foar harsels opkomme kinne. As it pinigjen fan bisten in repetityf patroan is en almar slimmer wurdt, is it saak om yn te gripen. Dat jildt ek foar de bistekwellers fan Bûtenpost. De needsaak om dy bern oan te pakken is dúdlik. As se no al in lêst foar de maatskippij binne, sil dat sûnder adekwate oanpak noch folle slimmer wurde. Wandieden binne gjin kattekwea, mar in serieus probleem."

(advertinsje)
(advertinsje)