Goed 7.600 euro ophelle foar fotoboek fan Ljouwerter ljochtprojeksjes

01 sep 2020 - 07:25

De crowdfundingsaksje foar in fotoboek fan projeksjes dy't oan it begjin fan de coronakrisis op gebouwen yn Ljouwert te sjen wiene, hat fertuten dien. Der is yntusken 7.650 euro ophelle - hast tsien persint mear as it bedrach dat winske waard - en it boek is dêrmei in feit.

It keunstprojekt ûntstie út in gearwurking tusken teäterregisseuse Karina Kroft en technysk ûntwerper Remko Smids. Oan it begjin fan de coronakrisis seagen sy it grutste part fan harren wurk opdrûgjen. Om dochs aktyf te bliuwen, kamen se mei it idee om mei in beamer teksten te projektearjen op gebouwen.

Santich jûnen lang ferskynde der, krekt nei sinne-ûndergong, op gebouwen earne yn Ljouwert of omkriten in ferbinend, treastend, hoopjaand, oanmoedigjend of grappich sitaat.

Mear as 200 donaasjes

De projeksjes waarden fêstlein troch fotograaf Jacob van Essen. Dêrnei ûntstie it idee om de foto's te bondeljen yn in boek. De crowdfundingsaksje dêrfoar hat mear as genôch jild opsmiten: 109 persint fan it winske bedrach. Mear as twahûndert minsken donearren mei-inoar 7.650 euro.

It is de bedoeling dat it boek op sneon 12 septimber presintearre wurdt. Wêr't dat barre sil, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)