Darters foarearst net los, Fryske dartbûn stelt kompetysjestart út

01 sep 2020 - 06:28

Dartleafhawwers yn Fryslân kinne harren pylken foarearst noch net út it fet helje. It Fryske dartbûn (FDB) hat besletten de reguliere kompetysje, dy't oars tiisdeitejûn wer begjinne soe, út te stellen. De coronamaatregels yn de hoareka meitsje de kompetysjewedstriden op dit stuit net ferantwurde, sa fynt it dartbûn.

Foto: Orange Pictures

Gewoanwei organisearret it Fryske dartbûn jierliks in dartkompetysje fan septimber oant en mei maaie, op de tiisdeitejûn. De goed twatûzen leden spylje dan yn teamferbân tsjin elkoar, fan de eare- oant en mei de fjirde difyzje. Nei't de kompetysje ôfrûne maart stillein waard fanwegen de coronakrisis, wie it dartbûn fan doel op 1 septimber wer mei in nije kompetysje te begjinnen. Dy giet no dus net mear troch.

Lanlik advys

Neffens foarsitter Tseard Douma fan de FDB hat it Nederlânske dartbûn alle lidorganisaasjes advisearre de regionale kompetysjes út te stellen. It grutste probleem sit him neffens Douma yn de coronamaatregels foar de hoareka. Dy meitsje it eins ûnmooglik om wedstriden te spyljen. "Yn Fryslân binne der 18 gemeenten, mei 18 boargemasters, dy't 18 karren meitsje meie. As de needferoardening net yn alle gemeenten itselde is, kinst net foar alle leden itselde beslute."

Utsteld oant 1 jannewaris

Ek oer de jierlikse toernoaien foar de Fryske ranking en it Frysk kampioenskip is noch neat bekend. Wannear't de dartkompetysje wol begjinne kin, is noch net dúdlik. It bestjoer fan it FDB sil dêr de kommende tiid oer om tafel. Douma: "Wy ha útsteld oant 1 jannewaris. Wy hawwe in koart lyntsje mei it NDB en skeakelje wykliks mei harren."

Foarsitter Tseard Douma fan it Friese Darts Bond

Trefwurden: 
darten kompetysje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)