Opkearing foar farferkear by de Lorentzslûzen

31 aug 2020 - 22:43

It farferkear moat oant 5 septimber rekken hâlde mei opkearing by de Lorentzslûzen by Koarnwertersân. Tusken 31 augustus en 6 septimber is Rykswettersteat dwaande mei wurksumheden. Yn 2019 luts in skip kabels ûnder de grûn stikken ûnder de Noardbrêge fan it kompleks. Dy kabels - foar it betsjinjen fan de brêgen - wurde ferfongen en der wurde no buizen lein om werhelling foar te kommen.

De slûs by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It farferkear moat omfarre fia de Stevinslûs. Oant 5 septimber jildt de opkearing foar alle farferkear en op 5-6 septimber allinne noch foar skippen dy't heger as 5,10 boppen NAP lizze. Der moat rekken hâlden wurde mei langere wachttiden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)