Henk Veerman hopet op fersterking: "In de breedte is het nog te licht"

31 aug 2020 - 21:33

Henk Veerman is de man dy't SC Hearrenfean it kommende seizoen fan doelpunten foarsjen moat. Freed waard de Volendammer presintearre en sneon stie er al yn de basis yn de oefenwedstriid tsjin VfL Osnabrück. Alle reden om yn de nije SportCast fierder te praten mei de man dy't tusken 2015 en 2018 ek al yn it pompeblêdeshirt spile.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

De transfer fan Veerman kaam op in bysûndere wize ta stân. De technysk manager fan SC Hearrenfean, Gerry Hamstra, socht kontakt mei Veerman. "Gerry belde mij over wat jongens in de Tweede Bundesliga en waarmee ik samen speelde vorig jaar. Toen zei ik: 'Als je deze jongens wilt halen, kun je toch net zo goed mij halen?' Gelukkig waren we het daar snel over eens."

Mar, de spits sjocht tagelyk dat syn nije wurkjouwer it dreech hat. Alle wedstriden yn de tarieding giene ferlern. Hamstra hat al útsprutsen dat SC Hearrenfean noch fersterking hawwe wol en dat is neffens Veerman in goeie saak. "We hebben een klein probleempje in het centrum van de verdediging. Dat is gewoon licht, ook op de flanken voorin. Ze hebben op dit moment geen concurrent. In de breedte is het wat te licht voor een heel jaar eredivisievoetbal."

Veerman en Veerman

By Hearrenfean treft Veerman in goeie bekende: Joey Veerman, ek fan Volendam. Henk en Joey binne goed befreone. "Ik vind dat hij een van de besten van Nederland is op dit moment in wat hij doet: die ballen erachter leggen en het spel verleggen. Daar is hij hartstikke goed in." Op de training moat de konneksje noch wol wat groeie. "Joey gaf twee perfecte ballen achter de verdediging, maar ik was twee keer te laat."

De Feanster seleksje hat no dus twa Volendammers, mar kin Veerman noch ien oanbefelje? "Alex Plat, de nummer zes jongens. Maar Volendammers, dat is toch fantastisch hé? Dat dorp, dat is me wat. Ik denk dat het in het water zit", laket de oanfaller.

Foto: Martin de Jong

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)