Roazebosk by De Jouwer wer opknapt: mar earst is de boaiem oan bar

31 aug 2020 - 21:30

Stadichoan set it wurk oan it werombringen fan de Roazebosk njonken De Jouwer útein. Moandei waard dêr oer sprutsen yn in petear fan gemeente De Fryske Marren. De grutte útdaging is de boaiemkwaliteit. "Momenteel is het absoluut ongeschikt voor het aanplanten van bos," sei Esther Beneker fan de projektgroep Herstel Roazebosk tsjin it kolleezje en de gemeenteried. Dêrom sil der hurd wurke wurde om de grûn te preparearjen en wer ree te meitsjen foar oanplanting.

De plannen mei de Roazebosk sa't se yn 2019 ta besjen leine - Foto: De Fryske Marren

"We hebben bodemonderzoek laten doen, daar werden onze bange vermoedens waarheid," joech Beneker oan. "Er heeft natuurlijk veertig jaar lang een snelweg gelegen en ook bij het opruimen daarvan is zwaar materieel ingezet. Daardoor is de onderlaag humusarm, zit er geen bodemleven in en is de grond erg geroerd en verdicht. Er komt geen wortel doorheen."

Boaiem wer ree meitsje

Dêrom binne der plannen makke om de boaiem wer yn oarder te meitsjen, yn oerlis mei in boaiemûndersyksburo en Steatsboskbehear. "Er wordt nu tot één meter diepte gewoeld, in het voorjaar mengen we groencompost en in 2021 staat er een groenbemester. Daarnaast worden er pendelaars ingebracht, dat zijn wormen die organisch materiaal meenemen de grond in." De projektgroep sjocht it leafst dat it ferrykjen net allinne by it âlde stikje Roazebosk bart, mar ek yn in folgjende faze op it âlde trasee yn de rjochting fan de eardere rotonde. "Het zou fantastisch zijn als we ook dit gebied in zouden kunnen richten, voortbouwend op de Roazebosk."

Oansluting mei natuer

Der binne ek nije plannen makke om in 'weardefolle ekologyske oansluting' mei de omjouwing oan te lizzen. Dan giet it bygelyks om in blommegreide dy't by bedriuweterrein Woudfennen komme moat. "De aanleg van de A6 heeft destijds de Haulsterbossen van het Roazebosk gescheiden. Dat heeft consequenties gehad voor het leefgebied van verschillende diersoorten. De projectgroep hoopt het gebied rondom het Roazebosk in de toekomst op een vergelijkbare wijze te kunnen inrichten, waardoor het leefgebied voor flora en fauna verder wordt vergroot."

De Roazebosk is in lyts bosk tusken De Jouwer en Skarsterbrêge. Sûnt 1975 waard de bosk lykwols trochsnien troch in sneldyk. Mar no't knooppunt De Jouwer oanpakt is en de sneldyk fuort is, kin it âlde bosk wer wersteld wurde. De twa helten fan de Roazebosk wurde no wer ferbûn. De gemeenteried fan it eardere Skarsterlân hat yn 2012 al tasein it bosk wer op 'e nij ynrjochtsje te wollen. Ferline jier binne der plannen bekend makke. Mei Pleatslik Belang Skarsterbrêge, fertsjintwurdigers fan de wyk Zuiderveld en Zuiderveldplantsoen, Feriening Moai Skarsterlân en Steatsboskbehear is in wurkgroep foarme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)