Opnij ynrjochtsjen fan De Alde Feanen giet wer nije faze yn

Provinsje Fryslân jout dizze wike it startsein foar in nije faze yn it op 'e nij ynrjochtsjen fan Nasjonaal Park De Alde Feanen by Earnewâld. It giet net allinne om de ûntwikkeling fan natuer foar Natura 2000 en Natuurnetwerk Nederland, mar ek om wurksumheden foar de rekreaasje, lykas it oanlizzen fan kuierpaden, in fûgelsjochhutte en in strantsje by de Panhuyspoel. Ek wurdt it lêste diselgemaal fan de provinsje ferfongen.
In fûgelsjochhut by de Jan Durkspolder by Earnewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Freed set it wurk útein, dan is der by it diselgemaal in gearkomste mei de gebietskommisje dy't de plannen makket en alle gearwurkjende partijen lykas It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en gemeenten Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Ljouwert.
De ôfrûne jierren is der al in soad dien. Sa is der 400 bunder oan moerasgebiet oanlein, lykas de boartersbosk Pettebosk.