Undersyk nei antydepressiva: wannear moatte je dermei ophâlde?

31 aug 2020 - 20:23

Wat is no it mest geskikte momint om mei antydepressiva op te hâlden? Dat is in wichtige fraach dy't mear ûndersyk fertsjinnet. Dêrom dogge fiif universitêr medysk sintra dêr ûndersyk nei yn it saneamde OPERA-projekt. Neffens Fries om utens en UMCG-psychiater Sjoerd van Belkum kin it ûndersyk in soad opsmite. Mar der binne noch wol in soad minsken foar nedich.

Antydepressiva - Foto: Shutterstock.com (Syda Productions)

Neffens Van Belkum hawwe de medisinen wis wol in funksje. "In soad minsken nimme antydepressiva. Dat is faak ek wol wichtich foar dy minsken om't sy echt klachten fan in depresje hawwe. Sy fiele harren min, genietsje net en sliepe en ite min. Dan wurkje dy medisinen wol goed. Mar in soad minsken brûke dy antydepressiva noch lang troch. Sa'n 150.000 minsken mei in depresje brûke dy antydepressiva langer as in jier troch. En wy witte net oft dat wol sa tûk is. Kin it net better, freegje wy ús ôf. Want alle medikaasje hat bywurkingen. Dy wolle je leaver net hawwe. Dus de fraach is wannear't je it bêste ophâlde kinne."

Timing is wichtich

It te lang brûken fan antydepressiva smyt op himsels ek wer problemen op. "By de measte antydepressiva dy't brûkt wurde, sjogge wy dat minsken lêst fan de mage en poeperaasje krije kinne. Dêrom is it OPERA-projekt echt opset om te sjen wannear't je no ophâlde kinne. Want dat ophâlden kin ek wer wat klachten jaan en it is in spannend momint. It is wichtich om dat wol goed te timen."

2.000 minsken nedich

Konkreet binne dêr 2.000 minsken foar nedich, dy meie út hiel Nederlân komme. Van Belkum: "It giet om minsken dy begûn binne mei antydepressiva. Sy kinne harren oanmelde en dan folgje wy harren. Dat dogge wy mei fragelisten, dy't om de twa moanne stjoerd wurde. As bliken docht dat minsken wer opknappe foar in langere tiid, nûgje wy harren út foar in petear. Dan sjogge wy nei wannear't it ôfbouwen barre sil. Dat kin hiel flot, of hiel stadich." Foar it ûndersyk wurdt yn totaal fiif jier útlutsen.

Van Belkum tinkt wol dat er minsken meidwaan wolle. En dat hopet er ek. "It smyt wichtige kennis op. Der moat mear dúdlikens komme oer hoe't sa'n depresje ferrint. It kin bygelyks sa wêze dat der ferskil sit tusken minsken as it om de gefolgen fan it ophâlden giet. It is goed om dêr mear fan te witten."

UMCG-psychiater Sjoerd van Belkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)