Fryske gemeenten wrakselje mei begrutting, nettsjinsteande nij stipe-pakket

31 aug 2020 - 19:11

Gemeenten, provinsjes en wetterskippen yn Nederlân krije goed 777 miljoen euro yn in nije pakket oan stipe. Dat bedrach krije sy as kompensaasje foar it ferlies fan de coronakrisis. Ein maaie waard al 566 miljoen euro jûn, dêr komt dit wer boppe-op. En dat is hurd nedich, want eins alle gemeenten wrakselje dermei. Ek yn Fryslân.

Fred Veenstra, foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten - Foto: De Fryske Marren

Fred Veenstra is njonken boargemaster fan De Fryske Marren ek foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten. Hy is wiis mei de stipe. "Ik tink dat it hiel moai is dat it Ryk op dit momint al komt mei it twadde part fan it stipepakket. Dat wie al tasein. Foar de simmer kaam it earste part, no it twadde. Oan de ein fan it jier moatte wy der opnij nei sjen. Mar ik bin der tefreden mei dat it al útûnderhannele is. Mar oft it genôch is, dêr moatte wy it mar ris goed oer hawwe."

Stipe falt ôf

It earste pakket mei stipe like hiel wat, mar as je it ferdiele oer alle gemeenten falt dat wol ôf. Veenstra: "Myn eigen gemeente hat fan dy 566 miljoen mar 660.000 euro krigen. Dat is in relatyf lyts bedrach as je sjogge dat de echte coronakosten in mearfâld fan dat bedrach binne. It is mear as in drip wetter op in gleone stien, mar it is tink ik noch net genôch as ik de ferwachte ôfrekkening ein dit jier sjoch."

Mear as 1,5 miljard nedich

Dêr is ek al ûndersyk nei dien, seit Veenstra. "De Vereniging van Nederlandse Gemeenten hat in ûndersyk ynstelle litten nei de coronakosten fan gemeenten. Dat is by 10 gemeenten ûndersocht, ek by De Fryske Marren tafallich. Dêr kaam út dat it minimum foar de ferwachte kosten útkomt op goed 1,5 miljard, en dat kin oprinne oant 2,8 miljard. As je dizze stipebedraggen fan it Ryk optelle, dan komme je dêr noch lang net op út."

Alle gemeenten wrakselje

Wat dat oanbelanget is der noch wol wat noed oer hoe't it komt. "Alle gemeenten binne dwaande mei it opstellen fan de begrutting foar takom jier. Eltsenien sit mei it selde: hoe komt it, hoe dekke wy alle tekoarten, binne der genôch reserven, moatte wy besunigje, moatte de belestingen omheech? Dêr wrakselet eltsenien mei. Der is ôfpraat dat wy der oan de ein fan it jier wer nei sjogge. Wy hawwe it oant no ta ek noch allinne oer de bedraggen foar corona hawwe, en noch net oer oare winsken dy't gemeenten by it Ryk dellein hawwe. Bygelyks de kosten foar de jongereinsoarch, kosten foar de WMO of it opnij ferdielen fan it gemeentefûns. Dat binne wichtige dingen dêr't it Ryk noch net in soad oer seit. Wy hoopje dat prinsedei dêr wat mear dúdlikens oer jout."

It Ryk bepaalt wêr't it jild fan it nije stipepakket krekt hinne giet. "Dat hat it Ryk in in tal haadstikken úteinset. Der is in bedrach foar lokale kulturele foarsjenningen, in bedrach foar buert- en doarphuzen, in bedrach om ús ta te rieden op de ferkiezingen. Sa is it allegeare yn lytse parten ferdield. Der sil ynkoarten in brief komme mei de ferdieling foar eltse gemeente."

Boargemaster Fred Veenstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)