Emiel Stoffers makket Fryske aksjefilm: "Hjir kin Hollywood noch wat fan leare"

31 aug 2020 - 18:11

Emiel Stoffers, sjonger fan De Hûnekop, is in bioskoopfilm oan it meitsjen: Stjer. Der dogge in soad Fryske stjerren mei. "En dy stjerre ek hast allegearre," laket Emiel. "Anneke en Griet binne al kassiewijle." Hy hat it oer Anneke Douma en Griet Wiersma, dy't al te sjen binne yn in promo.

Eins ûntstie dizze film nei oanlieding fan in 1-aprilgrap, wêrmei't Emiel in film meitsje soe. Hy krige lykwols in soad reaksjes dat it skande wie dat it om in grap gie. Dêrom komt der dus dochs in film. "It wie in wyld idee in oantal moannen lyn. No wurdt it hiel konkreet, wy hawwe wat mear tiid om hannen yn dizze tiid. Dan wurde je wat kreatyf. It wie in idee fan ús gitarist Jeroen Seinstra en my, dêrnei haw ik it der oer hân mei Janko Krist. Hy waard ek entûsjast. Doe is it konkreet wurden en hawwe wy in pân hierd oan De Hemrik. Wy stekke al twa moannen al ús tiid hjir yn. "

Aksje-komeedzje

It wurdt in soarte Fryske aksje-komeedzje. "Minsken wolle it faak daalks earne oars mei ferlykje, mar dat hoecht om ús net. It wurdt gewoan in Fryske aksje-komeedzje mei in soad bekende Friezen. Alles yn it Frysk, it wurdt gewoan oardel oere ouwehoere. Wy hawwe mei in skript dwaande west, dêr kin Hollywood noch wat fan leare."

In moardner

Emiel kin al wol it ien en oar ferklappe oer it ferhaal. "Der is in moardner aktyf dy't Fryske artysten pakke wol. Ik begjin 'm wat te knipen. Ik haw al in skoft in swalker oer de flier dy't wat putsjes by my thús docht. De hûn útlitte, de hage knippe. En ik tink dan: as ik dy swalker no in pear sinten jou, kin er ek wol myn plak oernimme yn de band. ik lear him wol gitaarspyljen en Frysk sjonge. Dêrnei bart der fan alles, mar dat sil ik net fertelle want minsken moatte fansels de film mar sjen."

Der dogge dus in soad bekende Friezen mei. "Wa't wol of net dea giet, kin ik net sizze. De measten geane der oan, dat kin ik wol sizze. Ik haw al kontakt hân mei Frerik de Swetser, Oele Plop en Gewoon Bram. Mar ek Twarres, Johannes Rijpma. Der is ús noch gjin nee ferkocht. Dat fyn ik moai. As eltsenien meidocht, dat is it aldermoaiste."

"Al moat ik myn hûs ferkeapje"

It finansierjen, dêr is de ploech noch drok mei dwaande. "Oant no ta betelje wy it sels. Wy hawwe noch net in soad kosten hân, mar it komt noch út eigen bûse. Wy hoopje dat der mear belangstelling komt en sponsoaren te lûken. Dy film dy komt der sawiesa, al moat ik myn hûs ferkeapje. De opnamen moatte wy noch ynplanne. Dy mei Griet en Anneke brûke wy ek as promo, dus dat is al wol opnaam."

Wat profesjonele stipe is der ek al. "Wy hawwe der wat akteurs by, lykas Bertrie Wierenga fan Goede Tijden Slechte Tijden. Dêr binne wy tige wiis mei, dat wy dy oan board hawwe. Danny Panadero spilet de swalker. Wy hoopje dat de film yn 2021 klear is."

Harkje hjir nei de promo fan Stjer en it petear mei Emiel Stoffers

Emiel Stoffers - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
film Emiel Stoffers stjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)