Fryske studinteferiening Bernlef fernimt noch gjin pyk oan leden troch corona

31 aug 2020 - 17:47

It akademysk skoaljier begjint dizze moandei, dat betsjut dat de measte opliedingen op de universiteiten en hegeskoallen wer starte. De lessen binne fanwegen corona dit jier foar it grutste part online. Dêrom krije in protte studinteferieningen mear oanmeldingen as gewoanwei. Fernimme se dat ek by de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins?

Foto: Facebook FFJ Bernlef

It tal nije oanmeldingen is in bytsje gelyk bleaun, fertelt Anne-Wil Bakker, foarsitter fan Bernlef. "In protte Friezen dy't oars wol lid wurde soene, bliuwe earst yn Fryslân wenjen mei't de lessen no foar in grut part online binne."

De yntroduksjewike, de KEI-wike, is gewoanwei de manier om nije leden te winnen, mar dy wie dit jier ek oars as oars. "De Keiwike is oars in wike fol mei feest en yn de kunde komme mei de stêd en de ferieningen. Dat wie dit jier wol hiel oars, om't in grut part no online wie. Minsken koene wol delkomme yn ús gebou foar in rûnlieding, en ek wie der eltse dei in ynfomerk dêr't wy dochs noch nije studinten sprekke koene en sa inoar kennen leare."

Letter ek noch lid wurde

Bernlef is in feriening dêr'tst it hiele jier troch lid fan wurde kinst, en Bakker hopet dat der ûnder de iepen dagen yn novimber en de Kiezelwike yn jannewaris ek noch studinten lid wurde. "Faak ferhûzje yn de rin fan it jier noch folle mear minsken om op keamers te wenjen, dêrom ha wy yn de rin fan it jier ek noch iepen feesten en de Kiezelwike mei oare lytse ferieningen yn Grins."

Corona hat in soad ynfloed op it studintelibben, en ek op in studinteferiening as Bernlef. "Wy hawwe ús eigen gebou mei in kroech deryn, normaal is dy iepen oant hoe let it mar leuk is. Wy binne noch wol iepen, mar neist dat wy no wol in eintiid hawwe is de setting ek oars. Wêr't minsken oars troch de kroech hinne steane, moat elts no sitte lykas yn in kafee, dus is it mear in buorrelsfear wurden. Aktiviteiten binne fansels ek lestiger wurden om te organisearjen, ús kamp giet bygelyks net mear troch."

Netwurk opbouwe

"As je no yn Grins komme te wenjen en je hawwe gjin kolleezjes, dan ha je net in soad oanspraak yn it begjin, stúdzjeferienings kinne fansels ek folle minder dwaan no. In diel fan de minsken dat no lid wurden is, docht dat ek om in netwurk fan freonen op te bouwen en om in plakje te hawwen dêr't se hinne kinne."

Sels begjint Bakker oan in staazje by FrieslandCampina, en tiisdei sil se it bestjoer fan de feriening oerjaan oan de nije foarsitter.

Anne-Wil Bakker, foarsitter fan Bernlef

(Advertinsje)
(Advertinsje)