FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei'

Acht wiken siket programmamakker Miranda Werkman yn de searje Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei nei de ferhalen fan de minsken efter de doarren fan GGZ Friesland. Fan Frjentsjer oant Dokkum, De Lemmer, Ljouwert en Boalsert komme pasjinten en helpferlieners yn byld. Dizze moandei is de earste ôflevering, dêryn sjogge we yn Frjentsjer.
Programmamakker Miranda Werkman komt fan Frjentsjer en hat yn har eineksamentiid skjinmakke yn de GGZ.
Op de High Intensive Care klinyk dy't der no sit, moetet se Bram. Bram moast mei in twangbefel fan de boargemaster opnaam wurde. Hy hat in skoft op de sletten ôfdieling sitten. Dat fûn er net leuk, mar it wie wol nedich.