Sportpark Skoatterwâld wurdt fernijd; SC Hearrenfean en VV Heerenveen wurkje gear

31 aug 2020 - 16:36

Sportkompleks Skoatterwâld moat fernijd wurde. De gemeente Hearrenfean, SC Hearrenfean en VV Heerenveen wurkje gear om te ûndersykjen wat de mooglikheden binne foar dy fernijing fan it sportkompleks.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De foarsitters fan beide klups en de wethâlder tekenen moandeitemiddei in yntinsjeferklearring foar dat ûndersyk. Dat dienen se coronaproof elk op in eigen taffeltsje op in bal.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Te min romte

De foarsitter fan VV Heerenveen, Bernier Hoekstra, is der mar wat wiis mei. "It kompleks is net mear up-to-date en foldocht net mear oan de hjoeddeiske easken. We binne de tredde klup fan Fryslân en de jeugd fan SC Hearrenfean traint hjir ek, mar de útstrieling is fier ûnder de maat. Der binne te min fjilden, we ha der fjouwer en op in sneon wurde wol 32 wedstriden spile. We ha ek mar acht klaaikeamers. Dan hast dus dat der trije teams fan fyftjin jonges yn moatte, mei alle klean en tassen."

Om't SC Hearrenfean lange tiid in eigen trainingskompleks ha woe, mar dêr no fanôf sjocht, kin sjoen wurde nei de plannen foar Skoatterwâld. "Om't se op Skoatterwâld bliuwe, kinne se no tegearre oplûke. As sy nei it noarden gean, dan kinne wy opskowe en dan binne we klear foar de takomst."

Yn 1996 is it park iepene en doe hie de fuotbalklup 450 leden. "No ha we 950 leden, mar noch hieltyd like folle fjilden en klaaikeamers. Dus it is fierstente krap."

Bernier Hoekstra

SC Hearrenfean is der ek wiis mei. "Het complex is voor ons essentieel, het is een levensader", fertelt foarsitter Cees Roozemond. "Het is voor de club van dermate groot belang, kijk alleen maar naar de spelers die hier vandaan komen, de jaren die ze bij ons gespeeld hebben en de verkoop die daarmee gerealiseerd is en daarmee de toekomst van de club op langere termijn is gewaarborgd, dus het is essentieel voor het voortbestaan van de club."

Alle betrouwen

It wie in lestich dossier dat der ek al in tal jierren lei. Mei it betingst dat de partijen dy't no tekene hawwe, mei-inoar oplûke, koe wer nei it kompleks sjoen wurde. "Ik heb er alle vertrouwen dat het een eerste stap is naar een mooie toekomst voor ons samen." No wurdt besjoen wat der nedich is oan fjilden. "Er moeten minimaal drie tot vier velden bij. Voor die uitbreiding heb je andere partijen nodig en het kost geld."

Om't soks wol wat tiid nedich hat, is begûn om it besteande kompleks wat op te frissen. "Er zijn al twee nieuwe velden aangelegd." Neffens him hat it de heechste prioriteit. "We doen het liever wat gefaseerd, dan dat we moeten wachten op het totaalplaatje. Uiteindelijk moet alles vernieuwd, ook de tribunes en het gebouw." Oer it kosteplaatsje kin er noch net folle sizze. "Maar jongens uit de regio moeten hier willen voetballen, daar hoort uitstraling bij en accommodaties."

Cees Roozemond

(Advertinsje)
(Advertinsje)