ISU ûndersiket 'coronafrije bubbel' Thialf foar reedriders

It ynternasjonaal reedrydbûn ISU hat de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden op de langebaan fan it seizoen skrast. Ek de earste twa wrâldbekerwedstriden shorttrack geane net troch. It bûn ûndersiket de mooglikheid om in 'coronafrije bubbel' yn Nederlân te meitsjen, sa't ek bart by de Tour de France en bygelyks de NBA. Dat soe dan Thialf wurde moatte op It Hearrenfean.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It worldcupseizoen soe heal novimber begjinne yn it Poalske Tomaszów Mazowiecki. Dy wedstriid en ek dy yn Stavanger (Noarwegen), Salt Lake ity (Amearika) en Calgary (Kanada) geane net troch. Reizgje tusken dy lannen is net ferstannich fanwege it coronafirus.
Wannear't de reedriders wol yn aksje komme, is no noch net dúdlik. Mooglik komt dy bubbel yn Thialf op It Hearrenfean, om dêr de skraste wedstriden yn te heljen. De ISU sjocht nei ferskate opsjes yn Nederlân.
Yn febrewaris en yn maart steane der noch wedstriden op it programma yn Sina en It Hearrenfean. Dy steane foarearst noch wol op de aginda.

Ek shorttrackwedstriden skrast

Yn it shorttrack soe it wrâldbekerseizoen begjinne yn it earste wykein fan novimber yn Montréal yn Kanada. Dy giet net troch. Ek de wedstriid fan in wike letter yn Laval (Kanada) giet net troch.
Douwe de Vries © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Reedrider Douwe de Vries sit yn de atletekommisje fan de ISU en leit út wat sa'n bubbel krekt wurde moat. "It is in lokaasje dêr't atleten relatyf feilich hinne kinne, dat soe dan op de iisbaan en yn in hotel wêze. Sy binne allinne tawiisd oan dy lokaasjes, dat jout gjin romte om noch frij rûn te reizgjen. Sa bliuwt hooplik de hiele groep feilich. It hat noch wol hiel wat fuotten yn 'e ierde en it is noch lang net foarinoar, mar ik tink wol dat it goed is dat de ISU nei alternativen sjocht."

Thialf as bubbel

Thialf op It Hearrenfean liket dan in logyske kar. "Dat soene je wol sizze, mar dat hat ek noch wol te krijen mei kosten. Dy kinne aardich oprinne, want de kâns dat je kaartsjes ferkeapje is nihyl. Dan rinne alle kosten fan sa'n bubbel mei hotelkosten, reiskosten en hygiënemaatregels aardich op. Dy berekkening geane de KNSB en House of Sports yn 'e mande mei ISU meitsjen. Hooplik komt dêr dúdlikens oer."

Soad belangen

En dy dúdlikens is der noch net op dit stuit. "Ik sit by it oerlis as fertsjintwurdiger fan de atleten. Wy binne sels noch oan it sjen oft it trije of miskien fjouwer wedstriden wurde. It hinget fan de kosten ôf en der sitte in soad rjochten en kommersjele belangen efter. Alles moat meinommen wurde. It klinkt maklik om it te skrassen en in jier net te riden. Mar soks hat grutte gefolgen foar atleten, sponsors, kompetysjenivo's, de pleatsing Olympyske Spelen."

Karantêne

Sa'n bubbel is ek noch net sa maklik foarinoar, seit De Vries. "Eltsenien tinkt oan sa'n bubbel, mar maklik is it net. Guon karantêneperioaden binne tige strang foar lannen, dêr folgje sels boeten. Foar atleten is it net te dwaan om yn in seizoen twa wiken op de bank te sitten. Dan leverje je in soad yn. Dus wy hoopje op in soarte ferromming spesjaal foar atleten."
"Ik tink dat de knoop oer in pear wiken trochhakt wurdt," seit De Vries, "Mar wis binne wy der noch net fan. Ik hoopje dat wy grien ljocht krije en atleten harren tariede klinke. Fjouwer wrâldbekers klinkt net in soad, mar it giet wol om ien fan de kearnen fan it seizoen."
Douwe de Vries, fan de atletekommisje fan de ISU