Gemeente Noardeast-Fryslân stipet ûndernimmers mei nij loket foar fragen

Undernimmers yn Noardeast-Fryslân dy't mei in probleem sitte of in nij idee ha, kinne dêr tenei te plak by in nij loket. Se kinne dêr advys krije oer har bedriuwsfiering, of har idee beprate mei minsken dy't der doel oer ha.
© Omrop Fryslân
De ûndernimmers kinne yn kontakt brocht wurde mei bygelyks in bank, in accountant of in oare ûndernimmer dy't doel hat oer wêr't ien mei sit.
It loket hyt GO-loket (Gemeente én Ondernemers) en is in inisjatyf fan in tal ûndernimmers en de gemeente Noardeast-Fryslân. Dy tinke dat der krekt yn dizze coronatiid ferlet fan is.
"Wy dogge dit út maatskiplik eachpunt", leit Petra van der Veen, ien fan de bedriuwskontaktfunksjonarissen fan de gemeente Noardeast-Fryslan, út. "Want we wolle hiel graach de leefberens en it tal ûndernimmers op peil hâlde."
It loket is berikber fia it klantkontaktcenter fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
Petra van der Veen