FIDEO: Hoe is it no mei vlogger Lo Keers?

31 aug 2020 - 15:10

Ferpleechkundige Lo Keers hat wikenlang fideodeiboeken byhâlden oer it begjin fan de coronakrisis. Foar har wie it in yndrukwekkende tiid mei as hichtepunt dat se derby wie dat in coronapasjint op de Intensive Care fan de beäzeming helle waard. Op dit stuit is Lo dwaande mei in oplieding as IC-ferpleechkundige. Se hie har al opjûn foar dizze oplieding foardat de coronakrisis begûn, mar troch corona is se der wis fan dat se dit wol.

Lo Keers hat meiwurke oan it vlogprojekt 'Berjochten út it hert' fan Omrop Frysân. In netwurk oan minsken út de hiele provinsje wei hat yn maart, april en maaie fideodeiboeken makke om fan binnenút de provinsje sjen te litten wat der krekt spile yn de coronakrisis.

Mear vlogs fan Lo Keers en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)