Museum Martena makket mei 'Aaitour' kâns op 30.000 euro
Museum Martena út Frjentsjer is nominearre foar de RAAK Stimuleringsprijs 2020. Mei Museum De Lakenhal út Leiden en it Chabot Museum út Rotterdam binne se nominearre. Publyk kin stimme en it museum mei de measte stimmen krijt 30.000 euro om de kolleksje tagonklik(er) te meitsjen foar minsken mei in fisuele beheining.
De troch Museum Martena ûntwikkele Aaitoer is in rûngong op eigen gelegenheid, of mei in persoanlike gids troch it museum. Mei in audiotoer giet de besiker by 30 objekten del. Byldbeskriuwingen wurde kombinearre mei achtergrûnynformaasje en anekdoates. Ek meie de objekten field wurde. "Je kunt je beter tot de omgeving en de spullen verhouden, als je het mag aanraken", seit in besiker.
De audiotour is der yn it Nederlânsk, Frysk, Ingelsk en Dútsk, en ek yn gebeartetaal. Museum Martena wol de objekten tichter by de minsken bringe. Yn de 'aanraakstijlkamer' meie besikers autentike foarwerpen oanreitsje en brûke. Yn de Aaitoer draait it om replika's lykas in houtsnijwurkje fan Anna Maria van Schurman.

RAAK Stimuleringsprijs
Mei de RAAK Stimuleringsprijs wurde musea stimulearre om de kolleksjes tagonklik te meitsjen foar minsken mei in fisuele beheining. Stimme kin oant en mei 7 oktober op www.raakstimuleringsprijs.nl. Op 8 oktober wurdt de winner bekend makke.