Ferhalen fan Pippi Langkous komme yn it Frysk

31 aug 2020 - 14:03

Dit jier is it 75 jier lyn dat de Sweedske skriuwer Astrid Lindgren (1907-2002) it famke Pippi Langkous yntrodusearre. Earst kaam it stoere famke mei de reade flechten yn boeken en letter kaam se ek op telefyzje. Fan har aventoeren komt no ek in Fryske oersetting, makke troch Martsje de Jong.

Foto: ANP

"It wie machtich om te dwaan", fertelt Martsje de Jong. Se wie al in Pippi-fan. "Ik seach it yn myn jeugd op telefyzje en letter ha ik de dvd's mei myn eigen bern griis draaid en ik fyn it noch leuk."

Earder hat De Jong al 'Karlsson fan it dak' fan Lindgren oerset, dêr't Tryater in famyljefoarstelling fan makke. Se hoegde net lang nei te tinken doe't de fraach kaam om de omnibus mei trije dielen mei de ferhalen fan Pippi oer te setten. "Ik woe it foar de simmerfakânsje klear ha, dus ik ha wol even trochwurkje moatten. It binne sa'n 300, 350 siden, dat is wol wat, mar it is gjin Bibel."

Se brûkte it Sweedske orizjineel. "De taal ha ik my eigen makke troch Sweedske kranten te lêzen, yn de tiid dat der Sweedske fuotballers by Hearrenfean spilen. It lêzen giet my goed ôf, it praten is wat lestiger."

Boarnetaal

"By in oersetting ferliest altyd wat fan it orizjineel. Kinst noait presys by de taal komme, en ast dêr noch in taal by brûkst, dan wurdt de ôfstân nei it orizjineel noch grutter. Dêrom fyn ik datst út de boarnetaal oersette moatst. It Frysk en it Sweedsk lizze wol ticht by elkoar, kwa belibbing en smaak fan de wurden."

Yn it boek komme deselde yllustraasjes as yn de Nederlânske ferzje. It boek leit yn novimber yn de winkels. "Moai rjochting de feestdagen."

Martsje de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)