Kabinet stipet de regionale kulturele sektor mei 150 miljoen euro

It kabinet stelt 150 miljoen euro beskikber foar gemeenten om de krúsjale lokale kulturele ynfrastruktuer te stypjen. It jild komt út it twadde lanlike stipepakket foar de kulturele sektor. Yn totaal is der 482 miljoen beskikber. De need is heech yn de kulturele sektor, benammen by gemeentlike ynstellings. De sektor en gemeenten binne bliid mei dit nijs, al bliuwe der ek soargen.
© Omrop Fryslân

Betingsten noch ûnwis

Hein Kuiken, wethâlder fan kultuer en finânsjes yn de gemeente Ljouwert, is ynnommen mei it taseine jild, mar is ek weromhâldend om't hy noch net wit oft gemeenten sels ek jild bylizze moatte. "In het eerste steunpakket hebben we ruim vijf ton gekregen voor De Harmonie, Neushoorn en Slieker Film met als voorwaarde dat we als gemeente moesten co-financieren. Als wethouder van financiën heb ik heel erg moeten zoeken naar dit geld. Als dit weer moet dan weet ik niet meer waar ik moet zoeken."
Op dizze finansjele betingsten fan it Ryk is troch gemeenten in soad kommentaar kaam, omdat de finansjele posysje fan gemeenten oer it generaal niet hiel goed is.

Nij perspektyf

Wiebren Buma, direkteur fan Cultuurkwartier Sneek, is bliid mei it nijs. "We moeten natuurlijk nog zien hoe het allemaal landt, maar het biedt perspectief." Buma hat in goed gefoel by it feit dat der no mear omtinken is foar de kulturele sektor en dat dy serieus nommen wurdt. "De culturele sector zorgt voor 4,5 procent van de werkgelegenheid en de sector heeft een groter aandeel in de economie dan bijvoorbeeld de landbouw."
It is net allinnch jild dêr't Buma ferlet fan hat. Hy hopet ek op in ferromming fan de 1,5 meter-maatregel foar de kulturele sektor, lykas yn België al it gefal is. Fan tiisdei ôf hoecht men yn België yn de kulturele sektor gjin 1,5 meter, mar 1 meter ôfstân fan elkoar te hâlden. "Als dit hier ook gebeurt dan kunnen we meer bezoekers toelaten. Dat levert een flinke financiële verlichting voor ons op."

Kultuer boppegemiddeld rekke

Neffens it ministearje fan kultuer wurdt de kulturele sektor boppegemiddeld rekke troch de coronakrisis. It saneamde Bruto Binnenlands Product is yn it twadde kwartaal mei 8,5 prosint nei ûnder gien, wylst dat yn de kulturele sektor mei in delgong fan 37,5 prosint folle mear is. Yn dit kwartaal sieten we yn in lockdown en wie alles ticht.
No't alles wer iepen is, hat de sektor it noch hieltyd dreech fanwege de 1,5 meter-maatregel. It kin finansjeel foar in grut part net út om mei dizze maatregel iepen te wêzen. Fierder lit de minister witte dat it doel fan it twadde stipepakket net is om de hiele sektor oerein te hâlden, mar om der foar te soargjen dat der gjin gatten falle.
Wethâlder fan kultuer Hein Kuiken